Bysûndere Wytsingplasse yn Frysk Museum

oktober 15, 2019 10:29

Foto: Ruben van Vliet

It Frysk Museum kriget in bysûnder brûklien út Sweden foar de útstalling Wij Vikingen. Ut it Gotlands Museum yn Visby komt in plasse fan in Sweedske Wytsing út de 9e-11e iuw. De foartosken fan de plasse binne file, in typysk gebrûk ûnder Wytsingen. It is foar it earst dat sa’n objekt yn Nederlân te sjen is.

Om tsjinstanners benaud te meitsjen, filen guon Wytsingen ynkervingen yn harren foartosken. Dat is ek te sjen oan de tosken fan dizze Sweedske Wytsing. De linen sitte djip yn it toskglazuer en binne oanbrocht troch immen mei ûnderfining. Foar in ekstra yslik effect hawwe de ynkervingen wierskynlik ea opfolle west mei pigmint, lyaks koal of in oare kleurstof.

De útstalling Wij Vikingen is fan 19 oktober 2019 oant en mei 15 maart 2020 te sjen yn it Frysk Museum yn Ljouwert.

oktober 15, 2019 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.