Bruorren yn Berlyn

oktober 17, 2019 09:32

Maarten en Vincent van Rossem op ûndersyk nei de ynfloed fan de Berlynske Muorre

Foto: NTR

Tritich jier lyn foel de Berlynske Muorre, in jier letter folge troch de ienwurding fan Dútslân. It betsjutte foar ús easterbuorlju in sosjale, ekonomyske en kulturele katalysator op sawol ekonomysk as kultureel mêd: musea waarden op ’e nij ynrjochte, yn ferfal rekke monuminten en huzeblokken waarden opknapt, arsjitektoanyske keunststikjes ferriisden en in hiel nije regearsysteem waard út ’e grûn lutsen. Mar nettsjinsteande dy foarútgong slommerre de ûnfrede. Want net elkenien kin oanheakje by dy flugge en grutte maatskiplike ûntjouwingen. It rjochts-ekstremisme groeit en guon bewenners fan de eardere DDR lije oan ostalgy, in nostalgyske hing nei âlde kommunistyske tiden.

Yn it fjouwerlûk Broeders in Berlijn gean Maarten en Vincent van Rossem op ûndersyk: Wat hat de fal fan de muorre it lân, syn bewenners en Europa brocht? Troch moetings mei de lokale befolking en mei harren eigen kennis fan skiednis, arsjitektuer en byldzjende keunst besykje Maarten en Vincent de balâns op te meitsjen. Giet it wol goed mei Dútslân en de Dútsers?

Oflevering 1: Berlyn – weromblik
De bruorren Maarten en Vincent van Rossem begjinne yn Berlyn, dêr’t se by resten fan de Muorre weromsjogge nei de bou fan dy Muorre en nei de perioade fan de Kâlde Oarloch.

Utstjoering: 24 oktober o/m 14 novimber, tongersdeis om 20.25 oere op NPO 2.

oktober 17, 2019 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.