Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 31

oktober 1, 2019 07:00

Dit ferhaal: mear lokaal!

Kollum

Koartlyn wie it foar my de wike fan de mobiliteit. In protte op reis en dan foaral FossylFrij fansels. De Alvewegetocht kriget in ferfolch! Dat meitsje we net earder as op 31 oktober buorkundich, mar de lêzers fan It Nijs krije no al de primeur: fan 1 oant en mei 13 juny 2020 organisearje we wer twa FossylFrije wiken. Twa wike feest sûnder in drip benzine of disel. Net allinne yn Fryslân, mar Grinslân en Drinte dogge no ek mei. De tariedingen binne begûn! Hiele Fryslân, Drinte en Grinslân wurde oproppen om twa wike lang sûnder fossile brânje te reizgjen.

Yn 2018 diene dêr yn Fryslân 100.000 Friezen oan mei. It idee kaam fan studinten en skoalle. Hiele doarpen, sportklups en bedriuwen diene folop mei. Thúswurkje, fytse, op it hynder, op blauwe disel, griengas of wetterstof…, op skeelers of sels swimmend… De bedoeling wie om it ien kear te dwaan, mar der waard sa op oanstien om it nochris te dwaan, dat wy organisearje it foar de twadde kear. Under in oare namme…, dat wol! Foar de Grinslanners en de Drinten kaam de namme Alvewegetocht net sa fan pas, dat no hjit it ‘de twa fossylfrije wiken’. Witte jo in bettere namme? Kom mar op! In wike in elektryske auto brûke is de priis.

De Carver is folslein elektrysk

It lansearjen fan de Carver wie in bysûndere dei. De Carver is in elektrike twasitter. Dy wurdt makke yn Fryslân. Carver keas foar Fryslân, omdat wy hjir in grut netwurk hawwe fan duorsumens. Sjoch, dat is no krekt sa’t wy dat it leafste sjogge. Lokaal oan hippe fernijingen wurkje, foaral goed, mar ek oantreklik. Meikoarten set yn Fryslân in inisjatyf fan elektryske autopetten. Ek alwer in nij lokaal bedriuw en hip foarútkommen.

Lokale stroom is hieltyd better te krijen. ‘EnergieVanOns’ is fan de lokale enerzjykoöperaasjes. Dy leveret allinne stroom fan lokale (Fryske) sinneparken en wynmûnen. Goed foar it doarp, maksimaal grien en foar gewoane prizen.

Lokaal wurdt ek hieltyd populêrder de lokale dielauto. Enerzjykoöperaasjes yn de Fryske doarpen wolle hieltyd mear ynvestearje yn de elektryske dielauto’s foar it doarp. Troch ‘MobiliteitVanOns’ wurdt dat geandewei realistysker, handich en te beteljen. De enerzjy kin yn de doarpen sels wûn wurde, trochdat it tal lytse wynmûnen en sinneparkjes tanimt.

Lokaal produsearje, lokaal brûke, dat wurdt de takomst. Dat is ek needsaaklik, want der ûntsteane no al problemen mei it stroomnet fan Alliander yn Fryslân. Hieltyd mear ynvestearders yn sinnepanielen krije in brief dat der net oansletten wurde kin op it stroomnet, omdat it net ‘fol’ sit. It ôffieren fan stroom op sinnige dagen mei in protte wyn wurdt de kommende twa jier in grut probleem.

De oplossing is: lokale snoade oplossingen. De kommende tiid sille we krekt yn Fryslân sjen dat grutte akkusystemen opsteld wurde om de stroom dy’t oerdei wûn is, nachts ôf te fieren. Dat liket no noch ûntinkber, mar yn in jier is it realiteit! Gemeenten dogge war dat we dêr yn de doarpen fan mei profitearje. Benammen de enerzjykoöperaasjes.

It stroomnet rekket dus fol, mar lokaal rêde wy it wol!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.

 

 

oktober 1, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.