Boereprotest yn Ljouwert

oktober 11, 2019 16:19

Yn Ljouwert hat in boereprotest ta grutte ferkearsproblemen yn de binnenstêd laat. Tusken de hûndert en twahûndert boeren wiene mei trekkers nei it provinsjehûs riden om te protestearjen tsjin in omstriden provinsjemaatregel om de stikstofympasse te trochbrekken.

Foto: pixabay.com

Dy kaam derop del dat de saneamde stikstofromte dy’t guon boeren op papier noch hawwe mar net brûke, oerhevele wurdt nei oare bedriuwen dy’t dy romte net mear hawwe, mar wol goed brûke kinne. Dêr falle bygelyks boubedriuwen ûnder, dy’t no út need harren projekten stillein hawwe.

Dat betsjut dat de boeren harren ekstra romte kwyt binne en net mear útwreidzje kinne. Poerlilke boeren easken fan deputearre Kramer dat er syn hanteken ûnder dy maatregel fuorthelje soe. Kramer sei dat fannemiddei by de gearkomste ta.

Foar de measte boeren wie dy tasizzing genôch. Kramer sei der wol by dat der hoe dan ek maatregels naam wurde moatte. Hokker dat binne, sei er net.

Deputearre Kramer: “It kolleezje konkludearret dat de kommunikaasje mei de boeren oer de beliedsregels yndied net goed genôch west hat. Dêrmei is der net genôch draachflak om dit proses troch gean te litten. Foarop stiet dat we dit mei-inoar oplosse wolle. De stikstofproblematyk is hjirmei lykwols net oplost. Elke oplossing dy’t fûn wurdt, sil fan ynfloed wêze op de mienskip.”

It kolleezje sil moandei yn petear mei in fertsjinwurdiging fan de boeren om in oplossing foar de stikstofproblematyk te finen. Minister Schouten
Minister Schouten makke freed yn de Twadde Keamer bekend dat sy de regeljouwing fan de provinsjes yn line bringe wol mei de earder troch har ferstjoerde Keamerbrief. Kramer: “Wy
belûke dizze beslútfoarming by de te besprekken oplossing mei de boeren.”

oktober 11, 2019 16:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe oktober 12, 11:25

    Sa spitich dat de taal gjin trekkers hat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.