Boeien markearje fûgelrêstgebieten

oktober 2, 2019 07:31

Juster, 1 oktober, is de fûgelrêstperioade wer fan start gien. Oant 1 april takom jier wurdt wettersporters en sportfiskers frege de mei boeien markearre gebieten net yn te farren. Oerwinterjende wetterfûgels rêste hjir en bouwe reserves op foardat se wer trochfleane. De fûgelrêstgebieten lizze yn de Snitser Mar, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeasterbrekken, de Fluezen en de Alde Feanen.

Lytse dûkein (foto: Hans Pietersma)

De fûgelrêstgebieten lizze by de ûndjippe rânen fan marren lâns en noait yn it farwetter. Wettersporters en sportfiskers kinne dus gewoan gebrûk meitsje fan it far. Giele boeien mei blauwe stickers mei in slob en de tekst ‘Vogelrustgebied’ markearje de fûgelrêstgebieten.

In protte wettersporters binne net allinnich yn ‘e simmer op it wetter te finen, mar ek yn de wintermoannen. Bygelyks mei roeiboaten, motorboaten, kano’s of sylboaten. Fiskers binne dan ek faak warber. Soms kin ien fartúch of persoan al fan inkelde hûnderten meters ôf genôch fersteuring jaan om de fûgels opfleane te litten. Foaral by grutte groepen fûgels kin dit foar in soad ûnrêst soargje.

Reserves opbouwe
Rêst is tige wichtich foar kwetsbere en bysûndere fûgelsoarten dy’t yn Fryslân oerwinterje. Bygelyks de lytse seachbek, de slob en de piiptjilling. Sy hawwe tiid en rêst nedich om foldwaande te fretten en oan te sterkjen. Al dy reserves brûke se om letter wer nei de simmerferbliuwen te fleanen om te nêsteljen. Alle kearen dat se ûnnedich opfleane, ferlieze se wat fan harren enerzjyfoarried. By te folle fersteuring kinne fûgels in gebiet úteinlik mije.

Mear ynformaasje oer de fûgelrêstgebieten is te finen op www.fryslan.frl/vogelrustgebied.

oktober 2, 2019 07:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.