‘Blokkearfriezen’ ek yn heger berop feroardiele

oktober 31, 2019 13:36

Fyftjin persoanen dy’t hast twa jier lyn trije bussen mei anty-Swarte Pytdemonstranten tsjinholden op de A7, binne ek yn heger berop feroardiele. Wol lei it Hof de saneamde ‘blokkearfriezen’ in legere straf op as de rjochtbank in jier lyn: se krije allegear in taakstraf fan njoggentich oeren.

Jenny Douwes (foto: Omrop Fryslân)

Jenny Douwes krige as boechbyld fan de groep yn earste ynstânsje in taakstraf fan 240 oeren en in moanne selstraf ûnder betingst. De straf, dy’t se ûnder oare krige fanwege opstokeljen, wie doe sawat gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.

Yn oanrin nei de útspraak yn it heger berop liet de advokaat fan Douwes witte it net iens te wêzen mei de feroardieling foar opstokeljen, mei’t Douwes net op de A7 oanwêzich wie. It IM fûn it just ûnterjochte dat de rjochter de persoanen yn earste ynstânsje frijspruts fan it mei geweld of bedriging behinderjen fan in demonstrasaje en gie ek yn heger berop. It IM woe dat Douwes dochs noch feroardiele waard as meipleger fan de blokkade fan de A7, om’t se dêrfoar kontakt hie mei de aksjefierders. Dêr gie de riedshear fan it gerjochtshof Arnhim-Ljouwert yn mei. It hof fûn dat Douwes de blokkade útlokke hie mei oproppen op Facebook.

Nije demonstraasjes
De lieder fan aksjegroep Kick Out Zwarte Piet (KOZP) kundige hjoed yn it NRC oan mids novimber wer demonstrearje te sillen by Sinteklaasyntochten, ûnder oare by de lanlike yntocht yn Apeldoarn en by de yntocht yn Ljouwert.

oktober 31, 2019 13:36
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. @Nordenslys oktober 31, 14:18

    It giet ek om ús kulturel frijheid as Friezen. Dêrom fierder mei de saak yn kassaasje!

  2. Cor Jousma oktober 31, 17:16

    Kulturele frijheid???

  3. Kerst Huisman oktober 31, 17:35

    De anonime skriuwer hjirboppe fersint him neffens my wat. It gyng by dy aksje dêr’t Jenny Douwes ta oprôp, net hjirom, ik bedoel om de Fryske kulturele frijheid. It gyng har en ek de measte blokkearders derom, dat de relklub KOZP net op tiid by de Sinterklaasyntocht yn Dokkum oankomme mocht. Dat wie it krusiale punt. De boargemaster fan doe, Marga Waanders, hat KOZP tastien om hûndeten meters lang baltend en roppend flakby âlden mei lytse bern delrinne te meien, tagelyk mei Sinterklaas op. It wie fantefoarfen ek bekend, dat de measte minsken yn Dokkum en omkriten dat hielendal net woenen. Dat hie neffens my ek op de kop ôf ferkeard ôfrûn, mei rellen en gaos, en mooglik sels deatrape lytse bern. Dat Waanders dêr net nei harke hat, diskwalifisearret har as boargemaster. Se hie gewoan KOZP net sa fasilitearje moatten. Har kollega Ferd Crone die it yn Grou dit jier folle better. KOZP mocht fan him bêst wol demonstrearje, mar oan de oare kant fan it wetter. Dat hie yn Dokkum ek hiel goed kind. Yn myn iepen brief oan de dames en hearen fan justysje, haw ik oer de motiven fan Waanders sein, dat hja allinnich mar hannele hawwe kin út ûnwittendheid, ûnferskilligens, koartsichtigens of polityk-ideologyske misfettings. Dat binne allegearre kwalifikaasjes, in boargemaster ûnweardich. Dêr giet it om. En as Jenny en oaren beslute om dochs nei it Hof fan kassaasje te gean, sil ik wer neist har stean. Mar dat wachtsje ik no leaver efkes of. It is harren saak, en it is harren tiid en muoite.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.