Better en feiliger farwegenet

oktober 12, 2019 13:25

In better en feiliger farwegenetwurk yn Fryslân komt tichter by. De provinsje makket it Van Harinxmakanaal de kommende jierren fierder geskikt foar Klasse Va-skippen. De provinsje ûndersiket ek maatregels om de feilichheid op de farwegen nei It Hearrenfean en Drachten te fergrutsjen. Oft it mooglik is om te ynvestearjen yn de farwei nei Drachten, makket ûnderdiel út fan in ûndersyk nei de takomst fan polder de Hegewarren.

Foto: Wikipedia/F. Lang – lisinsje CC BY-SA 3.0

In nije bypass foar de farwei nei It Hearrenfean is foar it kolleezje fan DS op dit stuit net oan de oarder.  De gemeente It Hearrenfean hat de mooglikheden ûndersocht om grutte klasse Va-skippen (110 meter lang en 11,4 meter breed) nei It Fean farre te litten. De gemeente advisearret in bypass by Terherne oan te lizzen om beropsfeart en rekreaasjefeart fan elkoar te skieden. Mar de gemeente sjocht gjin mooglikheden om dêr finansjeel oan by te dragen.

DS stelle no foar om fêst te hâlden oan in beslút fan de Steaten út 2018. Dat betsjut dat mei yngong fan 1 july 2021 de ûntheffing foar klasse Va-skippen op de besteande rûte oer Terherne stopset wurdt. DS stelle foar om de maksimaal tastiene breedte fan in skip te fergrutsjen fan 10 nei 10,50 meter. Dat giet om lytse Va-skippen (86 x 10,50 meter). Dat is goed foar de berikberheid fan de haven fan It Hearrenfean. It Van Harinxmakanaal wurdt oanpast foar klasse Va-skippen en kin dan tsjinje as omfarrûte by in stremming op it Prinses Margrietkanaal.

Ut ûndersyk docht bliken dat it ferpleatsen fan bedriuwen yn Drachten dy’t ôfhinklik binne fan transport oer it wetter, kompleks en djoer is. De iennige mooglikheid op dit stuit om Drachten folweardich berikber te meitsjen foar klasse Va-skippen is in nij trasee troch polder de Hegewarren. Oare trasees binne earder al ôfwiisd. DS wolle in ferfolchûndersyk nei dy opsje no’t der sjoen wurde sil nei de mooglikheid fan in gebietsûntwikkeling foar de Hegewarren. Oer in jier moat dat dúdlik wêze.

Om de feilichheid op it wetter nei It Hearrenfean en Drachten foar sawol de beropsfeart as de rekreant te ferbetterjen, ûndersiket de provinsje it  kommende healjier in tal maatregels. DS lizze dy mooglike maatregels en ûndersyksopsjes foar oan Provinsjale Steaten dy’t dêr op 27 novimber oer beslute sille.

 

oktober 12, 2019 13:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.