Australyske kranten lakke foarsiden swart tsjin sensuer

oktober 21, 2019 09:17

De grutste Australyske kranten hawwe moandei harren foarsiden swartlakt, as mienskiplik boadskip tsjin oerheidssensuer en – bemuoienis. “As de oerheid de wierheid by jo weihâldt, wat ferbergje se dan?”, stie ûnder de swarte rigels skreaun.

Ofbylding: pixabay.com

Oanlieding foar de kampanje binne ynfallen earder dit jier by in sjoernalist fan mediabedriuw News Corp en by it haadkantoar fan publike omrop Australian Broadcasting Corporation (ABC). Dêrby waard socht nei oerheidsdokuminten dy’t lekt wiene.

De sjoernalist hie in ferhaal skreaun oer it foarnimmen fan Australië om geheime tsjinsten mear foech te jaan. De ynfal by ABC kaam nei in skôging oer misdragings fan Australyske militêren yn Afganistan.

In eardere advokaat dy’t foar it leger wurke, is oanklage yn dy lêste saak. Hy soe de ynformaasje lekt ha nei ABC. Mooglik wurde der ek ferskate sjoernalisten ferfolge.

oktober 21, 2019 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.