Aksje sosjale abbekaten yn it belang fan de smelle beurs

oktober 14, 2019 12:28

Skôging

Tjalling van der Goot

Dat abbekaten yn de bocht springe, is net nij. Dat heart by it berop, it opkommen foar de belangen fan de kliïnt. Dat sokke riedslju lykwols wurk wegerje, is foar de bûtenwacht miskien wol nuver. Dan moat der wol wat slims te rêden wêze. Wat is it probleem?

De earste twa wiken fan in nije jier sil it grutste part fan de strafabbekaten net meidwaan oan de saneamde pikettsjinst. Dy tsjinst hâldt yn dat eltse persoan dy’t troch de plysje oanholden is, op it plysjeburo opsocht wurdt foardat er ûnderfrege wurdt. De piketabbekaat jout de oanholden persoan advys en ynformaasje oer de proseduere en oer de proseshâlding. It is in wichtich part fan it proses. De Hege Ried hat oardiele dat ferklearringen fan in fertochte sûnder dat er yn it foar mei in abbekaat praat hat, net meiwage meie by it bewiis. It is dus in fûneminteel rjocht fan eltse fertochte, passend yn ús demokratysk rjochtssysteem, dêr’t eltse fertochte net yn mei hoecht te wurken oan syn eigen feroardieling.

Abbekaten wurkje – ienfâldich sein – op twa wizen foar in kliïnt. Guon kliïnten betelje him; wat mear oeren wurke wurde moat, wat djoerder it foar de kliïnt wurdt. Wa’t net safolle jild te besteegjen hat, kin in berop dwaan op finansierde rjochtshulp, ek wol pro Deo neamd. Yn dat soarte fan saken betellet de kliïnt in eigen bydrage, de steat betellet dêrneist in fêst bedrach oan de abbekaat.

De pro Deo-praktyk stiet de lêste tiid ûnder druk. Kliïnten moatte hieltyd mear sels betelje en de abbekaat kriget hieltyd minder foar syn wurk. Dat wurk is geandewei ynhâldlik ek noch djipsinniger wurden. De regels fan de wetjouwer wurde yngewikkelder. Boppedat wurde de easken foar abbekaten yn it strafrjocht grutter. Om kliïnten op pro Deobasis by te stean, moatte abbekaten oan hege easken foldwaan. En de Hege Ried leit de latte heech foar abbekaten yn it strafproses. In ferwear moat aloan mear fundearre wêze, wol it kâns fan slagjen hawwe. De fergoeding is de lêste jierren minder wurden. Mear wurk dus foar minder jild. De abbekaten dy’t pro Deosaken oannimme, hawwe mien dat hja allegear in sosjaal hert hawwe. It binne prinsipiële minsken. Allegear wolle se harren wurk net ôfhingje litte fan de dikte fan de beurs fan de kliïnt. Minsken mei in smelle beurs hawwe ommers ek rjocht op goede en spesjalisearre rjochtsbystân.

Mar dy prinsipen binne djoer, sa hat bliken dien. Guon abbekaten dogge al gjin pro Deo-saken mear omt it net mear út kin. Hja lizze der jild op ta. Der binne ek al sosjale abbekatekantoaren fallyt gien. It oantal abbekaten yn ús lân mei dan tanommen wêze, it oantal abbekaten dat pro Deo-saken docht is lytser wurden. In soarchlike ûntwikkeling, omdat dêrmei net mear garandeare wurdt dat immen mei minder sinten in goede abbekaat krije kin.

Noch net sa lang lyn hat in ûnôfhinkelike kommisje yn opdracht fan de minister konkludearre dat der jierliks 127 miljoen euro by moat om it stelsel van sosjale rjochtshelp yn stân te hâlden. Efterstallich ûnderhâld ynhelje, neamde de kommisje dat. Dy kommisje Van der Meer hie fan de minister de opdracht krigen it pro Deo-stelsel troch te ljochtsjen en ‘budget-neutraal’ advys te jaan oer feroaringen. De kommisje liet nei ûndersyk lykwols witte net oan dy opdracht foldwaan te kinnen, omdat dúdlik wie dat is sa net langer koe. It koe by lange nei net ‘buget-neutraal’. De minister hat him der lykwols neat fan oanlutsen. Der is gjin jild by kommen. It frustrearret, omdat de bewâldspersoan witte litten hat wol ekstra jild frij te meitsjen foar de rjochtspraak, it iepenbier ministearje, de plysje, de reklassearring ensfh.

It is de minister blykber net dúdlik dat der lek en brek yn de rjochtshelp ûntstien is. Benammen foar de kwetsberen ûnder ús hat soks grutte gefolgen. Rjocht is nammentlik net allinne foar de riken. In fatsoenlike rjochtssteat ûnderskiedt him troch de wize wêrop’t mei de minder bedielden omgien wurdt.

Abbekaten sille no begjin 2020 in part fan it wurk net dwaan. Hja hawwe oanjûn dat se twa wiken behindere binne. Dat betsjut dat oanholden persoanen net heard wurde sille troch de plysje. Miskien dat in part fan dy fertochten nei hûs stjoerd wurdt. As in wichtich diel fan it rêdwurk fan de rjochtssteat net goed funksjonearje kin en de minister dat net sjen wol, dan moatte abbekaten yn de bocht springe om de kwetsberen yn ús mienskip te hoedzjen foar klasse-justysje. It is spitich dat dy aksje nedich is om dúdlik te meitsjen wat eltsenien wol sjen kin: rjochtshelp kin net sûnder sosjale abbekaten.

 

 

oktober 14, 2019 12:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga oktober 20, 16:53

    It kapitalistyskst regear fan no docht mar ien ding: Earmen earmen meitsje en de Riken riker. Oeral binne sy dêr mei oan ‘e gong.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.