Afûk wol Frysktalige supermerken

oktober 28, 2019 09:48

By in soad supermerken yn Fryslân stiet no noch de tekst ‘Haal hier uw winkelwagen’. As it oan de Afûk leit, wurdt dat meikoarten ‘Pak hjir jo winkelwein’, want de Afûk wol wurk meitsje fan mear Frysk yn en om de supermerk en is dat ek al oan it tarieden. Undernimmers dy’t dêr wol wat foar fiele, kinne in berop dwaan op de Afûk foar oersettingen en logistike stipe, seit projektlieder Fokke Jagersma.

De Afûk wurdt by dy aksje ynspirearre troch de Dútske supermerk EDEKA, want dy foarsjocht hieltyd mear winkels yn East-Fryslân fan twatalige opskriften yn it East-Fryske Platdútsk. Frouljusdoekjes steane bygelyks ûnder in boerd ‘Froulüüsaken’ en waskmiddel ûnder in boerd mei ‘Waskmiddels’. Der stiet in Dútske oersetting yn lytse letters ûnder. EDEKA sette dêr in pear jier lyn mei útein yn it plak Grutfean by Auwerk.

Sukses

Dy earste East-Fryske supermerk waard sa’n sukses, dat ferline wike tongersdei al de tsiende winkel yn de nije twatalige formule iepengie yn it plakje Pewsum. “De toeristen fine it hast noch moaier as de minsken út de streek”, fertelt Arno Ulrichs fan de Fryske Rie yn East-Fryslân. De EDEKA kriget by dizze aksje taalkundige stipe fan de Ostfriesische Landschaft in Aurich.

It giet by EDEKA net allinnich om de opskriften. De klanten wurde wolkom hjitten mei it Noard-Dútske ‘Moin’ en kinne ek alle bestellingen yn de streektaal dwaan. Oare praktyske meidielingen binne ek yn it foarste plak yn it Eastfrysk, lykas ‘Disse Kass is för en körten Tied dicht’. By de formule heart ek ekstra omtinken foar produkten út de eigen streek. Meiwurkers dy’t de taal noch net kinne, meie yn wurktiid op Eastfryske les.

‘Haadkantoaren bûten Fryslân bepale’

De Afûk is fan doel om noch dit kalinderjier ien of mear Fryske supermerken te foarsjen fan Fryske opskriften. “It brûken fan de eigen taal kin in supermerk folle oantrekliker meitsje foar de klanten”, seit Fokke Jagersma fan de Afûk. “It soarget foar mear bining foar de minsken út eigen doarp en streek, mar it makket de winkel ek nijsgjirriger foar toeristen.” Dat it Frysk oant no ta mar in bytsje yn supermerken brûkt wurdt, komt neffens Jagersma benammen trochdat it faak haadkantoaren bûten Fryslân binne dy’t útmeitsje hoe’t de winkels derút sjogge en alle bebuording oanleverje.

“Wy moatte hjir yn Fryslân sjen litte hoe’t je ek mei taal en meartaligens omgean kinne”, seit Jagersma. Mear Frysk yn it strjitbyld én mear Frysk by it bedriuwslibben binne spearpunten foar de taalbefoarderingsorganisaasje. Supermerken dy’t hjiroan meidwaan wolle kinne har by de Afûk melde.

Boarne: Omrop Fryslân

oktober 28, 2019 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.