Aant Mulder: Waling-om of ome Waling

oktober 1, 2019 09:39

Kollum

Waling-om of ome Waling? Thats the question. Ik ha it oer de skriuwer en dichter fan sa’n goed hûndert jier ferlyn, dy’t út bewûndering wei dy bynamme krige. Yn de earste twa sintsjes ha ’k daliks de trije talen brûkt dy’t der hjoed-de-dei yn Fryslân as ‘Lân fan Taal’ ta dogge. Dat is wol aardich, mar it giet fansels om de fraach oft we Waling-om noch gewoan Waling-om neame kinne. Dat liket in nuvere fraach, mar sûnt ferline wike freed is it foar my suver in kwestje wurden. Doe waard de tentoanstelling oer Waling Dykstra iepene. Ik wie derby. Ik moast dochs yn Ljouwert wêze en Waling Dykstra is fansels net samar in skriuwer.

Ik ha my oer dy dochs wol noflike gearkomste fernuvere. De iepening wie yn Tresoar en de tentoanstelling yn Obe. Hoe kinne jo no in tentoanstelling iepenje dy’t op in oar plak holden wurdt. Dat wit ik no. Jo freegje bygelyks in oerpakesizzer of oeroerpakesizzer, dat wit ik net krekt, om dat te dwaan. Dy hâldt in ferhaaltsje, seit oan de ein dat er de tentoanstelling foar iepene ferklearret en blaast op in skipstoeter of krektoarsom. Dat is dan it sinjaal om oerein te kommen en de dyk oer te stekken. It is aldergelokst net drok en it waar is kreas. Dat hie ek oars kinnen. Hawar, as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin. Dy lêsseal fan Tresoar liket in prachtich plak en dat is it ek wol, mar as studinten omrinne, doarren iepen en ticht geane, falt dat dochs in bytsje ôf. Likegoed hie de iepening net yn Obe holden wurde kinnen. Dy romte wie nedich foar de tentoanstelling. Foar in lyts groepke hie dat faaks mooglik west, mar foar mear as 150 belangstellenden net. As ik yn Obe omrin en de tentoanstelling besjoch, krij ik it gefoel, dat it yn de smelle gong te drok is om de tentoanstelling goed te besjen en dat in part fan de ynformaasje hast heech genôch hinget. Der komme fansels mear dagen en dan is it grif folle minder drok. Likegoed hie by safolle tekst in audiotoer net ferkeard west, mar faaks ha ’k dy oer de holle sjoen. Mar goed, by Tresoar moatte se ek roeie mei de riemen dy’t se ha en dat dogge se sa goed mooglik.

Hy hat in libben lang de Friezen leare wollen de eigen taal
te lêzen en te skriuwen.

No giet it my earst en meast om Waling-om of ome Waling en net om dy útstalling as sadanich. Dy hat de namme ‘Foarútgong’ meikrige. It duorret efkes foar’t ik dy namme ûntsifere ha. De namme is yn prachtige letters printe, mar dat se goed lêsber binne, no nee, dat net. Dy letters wurde yn de titels fan de brosjueren faker brûkt. Moai om te sjen, min om te lêzen. De namme ‘Foarútgong’ begripe, is noch lestiger as it lêzen dêrfan. De gearstallers sille wol bedoele dat Dykstra yn syn tiid, wat it Frysk oanbelanget, foarútgong bewurke. De man wurdt beskreaun as ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Hy hat in libben lang de Friezen leare wollen de eigen taal te lêzen en te skriuwen. Dat hat in grut ferskaat oan wurk fan gefolgen hân. By dy brosjueren begjint de echte fernuvering. Dy binne twatalich. It wol my net oan dat Waling-om, dy’t beskreaun wurdt as maatskippijkritikus en as strider foar it Frysk en tagelyk romme wurdt foar syn ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje, bedoeld hat dat we no wol hast alles twatalich dwaan kinne. Dat is dochs gjin emansipaasje fan it Frysk! No mar hoopje dat it boek, de blomlêzing oer Waling Dykstra, him mear rjocht docht.

Waling Dykstra en twataligens, dat beart as skuorde klokken. Mar it wurdt noch helte slimmer. De niisneamde oerpakesizzer iepenet de tentoanstelling yn it Hollânsk. De man is it Frysk net machtich om’t er, nei eigen sizzen, yn Ljouwert wennet. Neat net slim fansels, mar dan hie ’k leaver immen oars fan de famylje frege. Dan mar gjin Waling Dykstra! Yn de brosjuere lês ik dat Dykstra, de man fan it Winterjûnenocht, him ek ynsette om in earste generaasje fan Fryske froulju oan it skriuwen te krijen. Dat sil sa wêze, mar mei dat skriuwen sil er grif Fryske literatuer bedoeld ha. Yn alle gefallen waard my troch dy tekst dúdlik wêrom’t Annemarie Lindeboom ’Ik ben een vrouw’ foardroech. Emansipaasje, mar net dy fan it Frysk! Ik ha der suver mei ynholden siken nei harke, dêr net fan. Ik hie it lykwols leaver net hjir, by de iepening fan dizze tentoanstelling, mar earne oars hearre wollen. Dan wiene it ‘Wurdboeksjonger’ fan Jan Hut en it ‘Wat bisto leaflik’ op ’e piano gaadliker ûnderdielen.

It is dúdlik dat meartaligens foar master opslacht. Wa’t it hiele programma besjocht, komt wurden as ‘Spoken Word’, ‘Sing in’, ‘Unknown Grouds’ en mear fan dat soarte fan beneamingen tsjin. De emansipaasje fan it Frysk sa’t Dykstra dy bedoelde giet sa ûnder yn twa- en trijetaligens. Sa kin Waling-om samar ome Waling wurde. Dat kin dochs net de bedoeling wêze. In tentoanstelling oer Dykstra en de iepening dêrfan hearre Fryske oangelegenheden te wêzen. Dan dogge we de man rjocht en oars net.

Dat de tentoanstelling no holden wurdt, begryp ik ek net. It hat net mei berte- of stjerjier te krijen. It ferskinen fan de blomlêzing út syn wurk soe de oanlieding wêze kinne, mar witte doch ik it net. Ik hâld dus fragen oer de tentoanstelling, de twatalige opset en Dykstra syn krewearjen foar de emansipaasje fan it Frysk en hoe’t dat no foarmjûn is. Hawar foar my gjin ome Waling, mar Waling-om. Dat hiene jimme wol begrepen. Ik trúnje altiten noch minsken oan om De sulveren Rinkelbel en Hantsje Pik te lêzen. Sa ienfâldich kin it wêze.

foto’s © Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 28 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

oktober 1, 2019 09:39
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe oktober 1, 11:50

    Fan dit stikje hâld ik oer dat it nuver is om in tentoanstelling oer Waling Dykstra twatalich te presintearjen. Hoesa? Mient Mulder dat Dykstra deselde eksklusive taalhâlding hie as hy sels blykber hat? WD hat mear dien foar de emansipaasje fan it Frysk as alle hjoeddeiske ‘bewegers’ byinoar, en likegoed skreau er ek wolris in Hollânsktalich boek. En skreau er bygelyks sawol Frysk- as Hollânsktalige brieven oan Jakobus van Loon, doe foarsitter fan it Frysk Selskip. Dy’t like maklik Frysk en Hollânsk weromskreau. It kin ek wêze dat Mulder mient dat net-Frysktaligen neat fan sa’n tentoanstelling hoege te begripen. Of begripe meie. Mar sa’n man liket M. my no ek wer net. Dat, wat is it probleem?

  2. Tom. Dykstra oktober 5, 23:46

    Yn de reaksje op Mulder syn stikje oer Waling-om wurde twa begripen trochinoar helle.
    Mulder hie krityk op dubeltaligens en net sasear op it feit dat Dykstra ek yn oare talen wat skriuwe koe en dus twa-/meartalich wie.
    Yn syn algemienens is yntegrale dûbeltaligens foar it Frysk de deastek, omdat der no gjin needsaak mear is dat Frysk- en oarstaligen it Frysk ek lêze kinne moatte. Der wurdt ommers wol in Hollânske oersetting by levere en Frysk op skoalle hoecht dan net.
    Waling Dykstra hat doe al syn Fryske stikken ek net daliks folgje litten troch in Hollânske oersetting.

  3. Abe oktober 6, 10:56

    Ik helje hielendal neat trochinoar. Hoe djip binne guon lju yn de saneamde Fryske beweging sonken as se oarstaligen behinderje wolle om kennis te nimmen fan de Frysktalige kultuer?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.