Aant Mulder: Twa kneppelfreden fierder

oktober 29, 2019 08:00

Kollum

Twa kneppelfreden fierder, dat slacht fansels nearne op. Of dochs wol. Om dy opmerking te begripen moatte we werom nei dy earste kneppelfreed fan 16 novimber 1951. De measten fan ús witte noch wol dat it om in rjochtsaak gie en dat dy yn Ljouwert holden waard. De krantemannen Fedde Schurer en Tsjebbe de Jong moasten har foar de rjochter ferantwurdzje foar guon stikken yn har kranten dy’t misledigjend west ha soene foar kantonrjochter, mr. S. R. Wolters. De rjochtsaak waard holden yn in lytse seal. Der wiene lykwols in protte sjoernalisten en belangstellenden. De minsken woene deryn, derby wêze en dat koe dus net. Sprekkoaren joegen neat. Der ûntstie geandewei in driigjende situaasje en dat allegearre op de dei dat tagelyk de freedsmerke foar it gerjochtsgebou holden waard. It wie dêre dus in drokte fan belang. Doe’t de plysje de minsken mei gummykneppel en brânspuit (wetterkanon) op ôfstân hâlde woe, wie dat it begjin fan rebûlje. De earste kneppelfreed wie in feit.

Paleis fan Justysje, Ljouwert; foto © Aant Mulder

It begûn eins allegearre al in pear jier earder, doe’t twa molkesutelers út Aldeboarn wei feroardiele waarden omdat op har bussen ‘molke’ en ’sûpe’ stie. Dy beide sutelers praten foar de rjochter Frysk en dat rôp in protte gedoch op. Dat hie ek al sa west doe’t de Lemster feedokter Van der Burg him foar in ferkearsflater ferdigenje moast. Dat wiene ûnderwerpen dêr’t oer skreaun waard. Dat waard beledigjend fûn en dat wie faaks ek wol sa. Sa komme we wer by de rjochtsaak yn Ljouwert út.

Twa dingen falle op. De molkesutelers diene har wurk en praten gewoan Frysk. Yn Aldeboarn hie elkenien it fansels oer molke en sûpe en dêrom setten de sutelers dat ek op ’e bussen. It die rillegau bliken dat soks op grûn fan artikel 16 van het ‘Melkbesluit’ net mocht. Dat beslút sil grif bedoeld west ha om de kwaliteit te garandearjen en net om de taal te regeljen. It wie in dúdlike Haachske regel. Der waard net rekkene mei situaasjes bûten de Rânestêd en al hielendal net mei dy yn Fryslân. De molkewet woe hat dat der ‘melk’ en ‘karnemelk’ op de bussen stean soe. De Fryske situaasje waard yn De Haach net begrepen. Der kamen dus rjochtsaken fan mei dy yn Ljouwert as in soarte fan slútstik. Dêr die bliken dat der in grutte ôfstân bestie tusken de Haachske regels en it Fryske libben. Dat is de essinsje fan Kneppelfreed. Sa besjoen komme kneppelfreden faker foar.

Wy krije opnij net goed de gelegenheid om yn eigen taal
en op eigen wize út te lizzen wat we bedoele.

Dat die 18 novimber 2017 opnij bliken. Foar dy tiid hie de diskusje oer al of gjin swarte piten in diskusje op ôfstân west. Dat feroare doe’t Sinteklaas betocht dat er wol yn Dokkum oankomme koe. Dokkum lei in moai ein fan de Rânestêd ôf. Fan de diskusjes dêre soene se yn Dokkum grif net folle lêst ha. Ik sis net dat it sa is, mar it kin in gedachte west ha. It betearde oars. Rillegau waard dúdlik dat foar- en tsjinstanners yn Dokkum op dat bernefeest demonstrearje woene. Dêrom besleaten guon heiten en memmen de bussen mei tsjinstanners op te kearen. Dat slagge. De bern yn Dokkum hiene nearne lêst fan. De opkearders krigen fansels de swarte pyt fan de media. Foar it tsjinhâlden fan de bussen hiene party lju net in goed wurd oer.

Rjochtbank Noard-Nederlân, lokaasje Ljouwert; foto © Aant Mulder

Wy ha it no oer blokkearfriezen. Wer wurde yn Ljouwert rjochtsaken holden. Yn dat hiele ferhaal komt Jenny Douwes as in soarte fan Fedde Schurer nei foaren. Sy stiet foar wat se dien hat, krekt as dy oare blokkearfriezen. Dat hat net iens folle te betsjutten. It ferkear stiet wol faker stil. De oerheid set lykwols heech yn op dat fergryp. De oerienkomsten wurde noch grutter. Jenny Douwes docht har ferhaal ek graach yn it Frysk, dat is har rjocht, dat is har taal, mar de tolk is op fakânsje! De Haach begrypt Fryslân wer net. Wy krije opnij net goed de gelegenheid om yn eigen taal en op eigen wize út te lizzen wat we bedoele. Ik neam dat de twadde kneppelfreed.

Hoe sit it dan mei de tredde kneppelfreed?. Dêre ha de boeren mei de stikstofproblemen foar soarge. It like yn it earstoan in lanlik probleem te wurden en dat is it ek fansels. Boeren teagen op trekkers nei De Haach. Dêrnei wiene de provinsjehuzen oan bar. Yn Ljouwert besleat deputearre Johannes Kramer syn hantekening ûnder de ôfspraken mei de oare provinsjes wei te heljen. Dat jout mooglikheden om wer mei-inoar yn petear te kommen. Underwilens ha de provinsjes opnij om ’e tafel sitten en nije ôfspraken ûndertekene. De hantekening fan ús deputearre ûntbrekt. It ropt krityk op, mar ek bewûndering. Hy wol gewoan yn petear de dingen sa regelje dat se sa goed mooglik by Fryslân passe. Wer begripe se yn De Haach net wat wy wolle en hoe’t we dat hjirre dogge. Rjochtsaken ha ik noch net fan heard, mar dy kinne samar komme. De boeren op de trekkers ha har grif net oan alle regels holden. Mar yn De Haach sille se wol tinke dat it in hiele protte wiene. Dat ik bin benijd. Oan ien kant soe ik it wol wolle, want yn dat gefal wurdt der grif wer gewoan Frysk praat yn de rjochtseal en dan sil foar de tredde kear dúdlik wurde dat de taal der opnij ta docht.

Hoelang moat it noch duorje foar’t we de romte krije om wat eigen dingen yn de eigen taal te regeljen? Wy litte dat ornaris mar wat oan de polityk oer, mar soe it net better wêze as in folle bredere Ried fan de Fryske Beweging it foartou naam. Soe de kommende Fedde Schurerlêzing op sneon 9 novimber oer lânskip en ekonomy wat dat oanbelanget in earste foarset wêze?

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 26 oktober septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
oktober 29, 2019 08:00
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. Abe oktober 29, 09:36

    ,,Wer wurde yn Ljouwert rjochtsaken holden. Yn dat hiele ferhaal komt Jenny Douwes as in soarte fan Fedde Schurer nei foaren.” Net faak sokke belachelike útlittingen lêzen fan Aant Mulder. O ja, in pear wike lyn, oer de twataligens fan de tentoanstelling oer Waling Dykstra. It each op de bal, Aant! Lês it Friesch Dagblad (tolk: Frysk Deiblêd) fan hjoed. Op de foarside. Yn koweletters. Fuck Kneppelfreed en nasjonalistyske prytpraat-oer-datum: ûnderwiis! ûnderwiis! ûnderwiis!

  2. Eddy Drost oktober 29, 19:00

    Wat in sneu ferhaal. Ik mei de stikjes fan Aant Mulder altiten graach lêze, mar no docht wol bliken dat de man neat oars is as in sneue djipfries.
    Frou Douwes fergelykje mei Fedde Schurer? It is Aant Mulder yn ‘e plasse slein! Mar ja, de lêzers fan dizze side meije it graach lêze.

    Systeem Omrop Fryslân!

    Nijs bringe wat de djipfriezen graach hearre.
    Us “grutte” waarman Piet Paulusma foarsei op de Omrop foar de winter fan ôfrûne jier bulten snie en lange periodes fan strange froast. Allegear ûnsin fansels, mar ja, dat meije de Friezen graach hearre.
    Aant Mulder giet ek al dy kant út. Wat in ôfgong.

  3. Kerst Huisman oktober 30, 10:31

    Yn tsjinstelling ta Abe en Eddy haw ik Fedde Schurer persoanlik kend. Yn tsjinstelling ta Abe en Eddy ken ik ek Jenny Douwes persoanlik. Ôfsjoen fan it berteplak fan de iene (Drachten), en it wenplak fan de oare (Drachten) is der noch wat dat harren ferienet. Wis, Jenny Douwes is gjin dichter, en hja hat ek net in flamjend kommintaar skreaun. Mar hja, en dat ferienet har net mei Abe en Eddy, mar wol mei Fedde Schurer, hat foar har idee oer ús aller Fryslân de konfrontaasje oandoard mei oarder en gesach. En hja woe har memmetaal brûke yn de rjochtseal, doe´t it der foar har om gyng. Der leit wol deeglik ek in (foar guon blykber ûnsichtbere) line nei Schurer en de Fryske taalstriid.
    Koart foar it begjin fan it heger berop haw ik, sawol yn it Nederlânsk as it Frysk, in stik op inkelde plakken op Faceboek setten, dêr´t ik besocht haw dúdlik te meitsjen hoe´t it foar my sit mei dy line nei de taalstriid. Ik wol hjir de meast wêzentlike fragminten út dat stik hjir werjaan.
    ´In lytse ûndernimmer, frou mei hert foar har âlde doarp en âlde freonen en freondinnen, mem mei in lyts bern, Friezin. Oankommende tiisdei moat se, de moarns om njoggen oere, as earste oantrede yn it grutste massaproses dat der ea yn Fryslân west hat. Ik haw my fan de earste minút nei dy bûtenproporsjonele útspraak tsjin har ferline jier novimber, belangeleas en sûnder der ek mar wat better fan te wurden, foar har ynsetten. En, sa die bliken, al fuortdalik fan datselde bewustwurdingsmomint ôf, ek foar al dyjingen, dy’t harken en hannelen nei har oprop op Faceboek om de bussen mei rânestêdlike droktemakkers te fertraagjen. Mei aksje, mei kuiertochten mei in sandwichbuord dêr’t ik har frijspraak yn it heger berop easke, mei it útdielen fan oan de justysje ta te stjoeren kaartsjes, mei skriuwen yn krante en op it ynternet, en mei ynsprekkerij om geheimen efter it belied fan de autoriteiten boppe wetter te krijen. Ik haw my al dy moannen dêr lokkich by field, omdat ik fûn dat ik it goede die.
    Ik haw my foar har en de Blokkearfriezen ynset, omdat ik dat fûnnis tsjin elkenien ôfsûnderlik bûten elke reedlikheid fûn. Dêr kaam alle gefoel yn my tsjin yn opstân. Wat der op de A7 by Âldehaske bard is, wie in ferkearsdelikt, mear net. Alles wat der fierder by helle is, hat dizze saak ta in polityk proses makke. Wis, ek ik bin my wol deeglik bewust fan it bestean fan rassisme yn Nederlân, mar dy striid tsjin rassisme spilet hielendal net by dy demonstranten dy’t sa nedich nei Dokkum moasten. Ja, se sizze wol fan al, mar it is net sa. Krekt likemin as soe Jenny Douwes immen wêze mei rassistyske ideeën. Dat is net sa, dêrfoar ken ik har fierstente goed.
    Dy ynset fan my is ek fuortkommen út in folle âldere opfetting. Ik haw jierrenlang pleite foar in folle better plak foar de Fryske taal. Ek dêr mei aksjes, en troch te skriuwen. Al yn myn rede op it Reaklif yn 1988 haw ik pleite foar it ynfieren fan de geweldleaze direkte aksjemetoaden fan striders as Martin Luther King en Nelson Mandela yn de Fryske Beweging. Dy aksjemetoaden fergje in soad moed en trochsettingsfermogen. Der binne begjin jierren njoggentich wol in pear beskieden stapkes dien, ûnder oare mei de aksjegroep FRA (ôfkoarting fan Fryske Aksje), mar it is op ‘e non rûn. Yn Wales en Skotlân hat it akseptearjen fan dy metoaden ta relatyf grutte súksessen laat. Mar yn Fryslân kachelt de saak stadichoan fierder efterút. Dat hat neffens my yn in hiel soad opsichten te krijen mei de te benaude, te formele en op bestjoerlike en juridyske autoriteiten rjochte hâlding fan de foarstanners fan in bettere posysje foar ús taal.
    Doe’t de aksje fan Sis Tsiis kaam, mei syn bekende fakkeloptocht yn Ljouwert yn desimber 2016, wie ik ien fan de organisatoaren. Dit soe, sa tocht ik, in beskieden begjin wêze kinne fan in echte bûtenparlemintêre Fryske Beweging. Dat de measte oaren yn Sis Tsiis har benammen allinnich rjochtsje woenen op aksje rjochting autoriteiten (lês: brieveskriuwen en prate mei) en op it ferkrijen fan in útspraak fan in juridysk saakkundige, stelde my teloar. Ik haw noch útsteld, om, njonken trochgean mei it niisneamde, regelmjittich nei Frysktalige doarpen te gean en dêr stipers en oanhingers te winnen foar ús idee. It die bliken dat men dêr net oan woe. Wylst dat dochs de wei is neffens my. Jo moatte earst jo beweging talsmjittich folle sterker meitsje, wol sa’n beweging oait wat berikke. Ik haw doe ek wolris in earder plan fan my, it foar in healoere stilsetten fan it ferkear op de spoarlinen en grutte autodiken yn Fryslân, neamd. Mar it like, as prate ik foar dôven.
    Oant dy bjusterbaarlike achttsjinde novimber fan it jier 2017. Doe feroarsake in oprop fan dy moedige frou út de earste sin fan myn stik in werklik stilsetten fan it ferkear op de A7. Der skeat my doe fuortdalik de bekende útspraak fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis by de grutte Spoarweistaking fan 1903 yn it sin: ‘Gans het raderwerk staat stil als uw machtige arm het wil’. Ik wit wol, it gyng mar om in Sinterklaasyntocht, mar folle wêzentliker wie de soarch fan dy moedige frou om libbensgefaar foar bern.
    Ús taal is ek yn gefaar. Ek dêr jildt de krekt sitearre útspraak. Mar yn stee fan har ynspirearje te litten troch de aksje dêr’t Jenny ta oprôp, wie it stinnen en seuren net fan de loft, fan sokken as Rimmer Mulder en Jabik van der Bij, en al dy prosessygongers doe yn de Prinsetún, want it die skea oan de IEPEN MIENSKIP, wat dat dan ek wêze mei. Der wie sels immen yn ús fermidden fan Sis Tsiis dy’t de droktemakkers fan KOZP ‘út namme fan Fryslân’ al op foarhân, sûnder earst wat ûndersocht te hawwen, ekskuzes oanbiede woe. Dat hat foar my in wichtige, sa net de wichtichste, reden west om út Sis Tsiis te stappen en mei myn aksje foar Jenny en de Blokkearfriezen te begjinnen. Lju dy’t dan sitte te protteljen dat dit dochs neat mei Fryske doelen te krijen hie, hawwe de essinsje dêrfan net begrepen´.

  4. Cor Jousma oktober 30, 13:33

    Ik begryp út Drost syn reaksjes dat er net – lykas frou Douwes wol – it lef hat om Frysk yn ‘e rjochtseal te praten. Hoe ‘sneu’ kin immen wêze…

  5. Abe oktober 30, 14:39

    Hoe is it mei de politike karriêre fan Douwes yn de FvD fan Baudet, Kerst? Ik soe sizzze, lit dyn teltsjes oer SisTsiis mar sitte, dy leaut net ien. Wat folle nijsgjirriger is: hoefolle bokkesprongen hat Swarte Jan makke foar’t er mei in boerd foar de kop te kuierjen gie foar Baudet?

  6. Kerst Huisman oktober 30, 15:42

    Baudet? Dat is in grutte Hollânske sjauvinist! Ik foar dy man oan it rinnen? Wat in ûnsin. Abe jonge, Ik bin drok dwaande mei de tarieding, moarntejûn 31 oktober, op de Gordyk, oer Gerrit Roorda, oprjochte Fries en kommunist. Drok sei ik, oars soe ik wol folle wiidweidiger op dyn ferskuorrend skeve foarstelling fan saken yngean. Hast gjin bettere arguminten?

  7. Eddy Drost oktober 30, 18:08

    @Cor Jousma, nuvere saak. Wêrom soe ik foar it Gerjocht komme moatte? Ik stean net yn ‘e bleate kont op de dyk by Oudehaske..
    Boppedat, at ik wol foar it Gerjocht komme moast is it bêst mooglik dat ik Frysk praat, mar ik sil der dan net oer eamelje at de tolk it net goed oerset. Ja, ik bin in Hollanner, mar ik kin goed Frysk prate hear.
    @Kerst Huisman, lang stik sjoch it wol, mar lêze, nee dêr begjin ik net oan. Ik haw wol wat betters te dwaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.