Aant Mulder: In knoop yn de flagge

oktober 8, 2019 07:00

Ik ha my de tiisdeis doe’t de boeren nei De Haach ta teagen, fernuvere. Ik hie der fansels al fan alles oer heard en lêzen. Ik neam bygelyks it beheind tal trekkers dat op it Malieveld mocht, de trekkers op de autodiken, de stagnaasje dy’t op dyselde en oare diken feroarsake waard. Ik hie fansels ek heard dat flaggen as teken fan need op ’e kop ophongen wurde soene. De flagge as needsinjaal, dat kin. Yn guon lannen is dat sels offisjeel regele. In knoop yn de flagge is ek in mooglikheid. Dat dogge se benammen mei de flaggen dêr’t net oan te sjen is oft se al of net op ’e kop hingje.

Op boerehiemen en stikken lân bylâns de dyk stiene trekkers mei tekstbuorden en flaggen. De flaggen dus op ’e kop. Dat wiene likefolle needsinjalen bedoeld foar it Haachsk regear. Dat praat oer stikstofreduksje en wol dat regelje troch de helte fan it fee fuort te dwaan. De helte minder fee, in bytsje suniger ride en dan kinne we wer bouwe, fabriken draaie litte, en fleane fansels. Dat is de gedachte. Dy trekkers mei dy flaggen op ’e kop, dy fernuverje my dêrom net. Dy nasjonale flagge heart by dit nasjonale probleem fan dit nasjonale regear. Tusken de trijekleuren seach ik lykwols ek pompeblêden wapperjen. De Fryske flagge! Ik moast efkes goed sjen, mar doe wie it my wol dúdlik. Dat de Fryske flaggen meidogge, fernuveret my wol, want it protest rjochtet him ommers tsjin De Haach en dêr heart de iene flagge wol en de oare net by. Likegoed fyn ik it wol moai dat de Fryske flagge ek meidocht.

Sa besjoen hie ús flagge al folle earder op ’e kop hingje moatten, want mei de Fryske saak komt it op ’e kop ferkeard. Dat witte we eins allegearre wol en oars wurdt it ús dit jier wol wer twa kear ferteld troch de beide Europeeske kommisjes, dy’t ús provinsje oandogge. Ik bedoel de kommisje foar Europeeske minderheden dy’t krekt west hat en de Europeeske kommisje foar minderheidstalen, dy’t kommendeweis is. Dy sizze fansels net dat it allegearre op de kop ferkeard komt, mar wol dat der mear dien wurde moat. No, dan kinne jo it fierder sels wol ynfolje. Sa giet dat al jierren! Foar wa’t net leauwe wol dat we efterút buorkje om’t fan en ta positive resultaten yn ’e krante komme, ha ’k wol twa foarbylden foar hannen, nije foarbylden, dy’t de krante net iens altyd mear helje.

Besykje jo mar ris in ferhaal te fertellen en dan hieltyd ûnderbrutsen te wurden. Dat slagget net mei in ferhaal út de emoasje wei.

Ik begjin mei dy rjochtsaak oer de swarte piten of sa’t jo wolle oer de blokkearfriezen. Koartlyn moasten fyftjin blokkearders wer foar de rjochter ferskine om’t se yn heger berop gien wiene. Dy fyftjin ha net allegearre west, mar dat docht der net ta. De foaroanfrou wol en dy helle de krante net allinne om it ûnderwerp sels mar ek om’t se har ferhaal yn it Frysk die. Dat is har taal. Dat is har rjocht. Sa is dat by wet fêstlein. Likegoed mislearre dat. Sy moast wachtsje op de tolk oant dy safier mei oersetten wie, dat se wer fierder koe. Besykje jo mar ris in ferhaal te fertellen en dan hieltyd ûnderbrutsen te wurden. Dat slagget as jo in ferhaal op papier stean ha dat bûten jo gefoel om giet. Dat slagget net mei in ferhaal út de emoasje wei. It slagge net om’t de fêste tolk op fakânsje wie en dêre ha we mar ien fan. No gun ik dy man syn fakânsjes, mar it hie konsekwint west dat de rjochtsitting om dy reden útsteld west hie oant dy tolk werom west hie. No hiene se in ferfanger regele. Bêst bedoeld, dêr net fan, mar sa’n emosjonele saak kinne jo in ferfanger net daliks oandwaan. Der sil aanst wol rjocht sprutsen wurde, mar de foaroanfrou ha se op foarhân gjin rjocht dien. Wat dat oanbelanget kin de Fryske flagge mei rjocht en reden op ’e kop of doch der mar in knoop yn. Der stiet ús en dy iene tolk noch wat te wachtsjen as alle oertrêders fan de boereprotesten foar de rjochter komme.

In oar foarbyld. Der wurdt wer ris oan nije kearndoelen foar it ûnderwiis wurke. Dy hiene we wol, mar tiden feroarje en dan witte jo it wol. It gie om in lanlike kommisje foar njoggen leargebieten en in provinsjale kommisje foar it Frysk. Wat we der ek fan fine, de lanlike kommisje is klear en bringt op 10 oktober ferslach út oan de minister. Om de Fryske kommisje: kurrikulum.frl. hinne is it stil wurden. Wa’t wat witte wol oer hoe’t it derfoar stiet moat nei de side fan dy kommisje ta. Dêr stiet dat it projekt op 1 april stillein is. Wa’t doe tocht dat it in aprilgrap wie, wit no wol better. Ik ha ûnderwilens begrepen dat op 1 april it jild op wie en dat der nij jild komme moat. Jo tinke dat der dan gewoan wat mear útjûn wurdt as begrutte. Dat komt faker foar. Mar nee, it projekt moat no ynienen opnij en ek noch Europeesk oanbestege wurde. As it projekt dan oan oaren tawiisd wurdt, krije we wer hiele diskusjes oer rjochten en betink it allegearre mar. Hie dat dochs daliks goed dien. No binne we in jier fierder foar’t we der erch yn ha. Der wurdt ús neat ferteld, der wurdt net oer skreaun, mar it is wol sa. No moat ik sizze dat ik dizze gong fan saken net iens hiele slim fyn. Salang’t der gjin nije doelen binne, jilde de âlde. Dat is net ferkeard, want hieltyd as der wat nijs ôfpraat wurdt liket dat suver wer op in stapke tebek. Foar wa’t it earnst is mei goed Frysk ûnderwiis is dy gong fan saken fansels net te fertarren. Dat is wer in reden foar in knoop yn de flagge.

No moatte we noch in goed momint fine om al dy Fryske flaggen mei knopen deryn op te hingen. Suggestjes binne wolkom.

Foto’s Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 5 oktober septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
oktober 8, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. ! oktober 8, 08:51

    Watte? In knotte!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.