Aant Mulder: Deselde wurden, oare dingen

oktober 22, 2019 07:29

Kollum

Immen frege my hoe’t it no krekt sit mei wurden as ‘klaai’ yn klaai-ierappel en yn ik klaai my oan.  Hy neamde tagelyk it tiidwurd ‘kleie’ dat mei ei skreaun wurdt, mar faak as klaaie (mei aai) útsprutsen wurdt. Ik sis dat soks homonimen binne. Dat antwurd lit my net mear los. Doocht it wol wat ik sein ha en hoe sit it dan krekt? It is altyd goed om by de definysje fan sa’n wurd te begjinnen. Homonimen binne wurden dy’t op deselde wize skreaun en útsprutsen wurde mar hiel wat oars betsjutte. Dat is te oersjen. Ik lês ek dat it wol hieltyd om deselde wurdsoarten gean moat en dat it eins ek altyd al wurden mei ferskillende betsjuttingen west ha moatte. As it iene wurd fan it oare ôflaat wurde kin, dan binne dy wurden famylje faninoar en dan binne it gjin homonimen. Dat lêste wurdt wol wer ûngelikens oer tocht. Sa besjoen binne ‘klaai’ yn klaai-ierappel (haadwurd) en yn oanklaaie (tiidwurd) gjin homonimen, want it binne ommers ferskillende wurdsoarten. ‘Kleie’ (in klacht yntsjinje) en ‘klaaie’ (wat fan klaai meitsje) binne wol beide tiidwurden, mar wurde dus net gelyk skreaun en ek net altyd gelyk útsprutsen. Dat binne dus ek gjin homonimen. No moai is dat. Myn antwurd doogde dus net. Likegoed bliuw ik wol mei de fraach tangele sitten. Wat binne dan wol homonimen?

It wurdt tiid om goede foarbylden te neamen. Ik begjin mei ‘earm’. Dat hat twa betsjuttingen (part fan it lichem én net ryk). Oare foarbylden: ‘kuer’ (nuvere oanslach óf in aksje of middel om better te wurden), ‘skroef’ (om wat fêst te meitsjen óf it ûnderdiel fan in skip om foarút te kommen), ‘toets’ (om it learde te hifkjen óf in knop om yn te drukken). It moaie fan dy homonimen is dat se yn it Hollânsk en yn it Frysk gelyk binne.

By homonimen wurde fansels samar flaters makke. Dat bart benammen
as minsken fan guon wurdsjes ien of mear betsjuttingen net (mear) witte.

No ’t ik dat dúdlik ha, sjoch ik dat der ek noch homofoanen en homografen binne. Dat is wol nijsgjirrich om te witten: homofoanen, dat binne wurden dy’t gelyk klinke, mar net hielendal gelyk skreaun wurde, wylst it fansels om dúdlik ferskillende betsjuttingen giet. Tink oan de Fryske wurdsjes lykas graad (fan graden) en graat (fan graten), bal (om te skoppen) en bol (glêzen bol), fean (dêr’t de turf weikaam) en fearn (in fjirdepart). Dan ha we noch homografen. Dat binne wurdsjes dy’t we wol gelyk skriuwe mar net gelyk útsprekke. It Frysk hat dêr hiel moaie foarbylden fan: koalsied (sûnder brekking, it sied fan de koal) en koalsied (mei brekking, it gewaaks). Tink ek oan: leaf, leaver, leafst (sûnder brekking, hâlde fan) en leaf, leaver, leafst (mei brekking, graach).

By homonimen wurde fansels samar flaters makke. Dat bart benammen as minsken fan guon wurdsjes ien of mear betsjuttingen net (mear) witte. Taallearders ha der ek mei te krijen. It moaiste foarbyld fyn ik sels altyd noch ‘harkje’. Dat wurd hat twa betsjuttingen: de earen goed iepen ha én gers of hea byinoar swylje. Ik frege de bern op skoalle wolris om goed te harkjen. Dat wurd begriepen se net, alteast net yn de betsjutting dy’t ik bedoelde. Dêrom makken se swyljende bewegingen. Noch sa’n foarbyld: seine. Seine betsjut: ark om mei te meanen óf de seine fan boppen, lykas yn folle lok en seine. Jimme begripe al hokker bewegingen makke waarden by dy lêste seine.

Ik ha it noch net hân oer it feit dat homonimen yn de iene taal dat net yn de oare taal hoege te wêzen. Dat aspekt wol ik te praat bringe omdat we dêr yn Fryslân faak mei te krijen ha. Ik tink bygelyks oan de Hollanners dy’t Frysk leare wolle en dêrom op Fryske les geane. Sûnder dat se witte dat it om homonimen giet, ha se gauris swierrichheden mei dat soarte fan wurden. Ik neam in pear Hollânske homonimen dy’t dat yn it Frysk net binne: ‘koper’ (immen dy’t wat keapet óf in metaal), ‘kussen’ (kessen of tútsje), ‘vorst’ (kening of ûnder nul). De frekwintst foarkommende homonimen jouwe fansels de measte swierrichheden.

In foarbyld. It Hollânsk ‘hoofd’ betsjut: part fan it lichem, eat dat foarútboud is of immen dy’t boppe oaren stiet. Dêr ha wy mear as ien wurdsje foar: holle en haad. Foar taallearders is it lestich om te ûnthâlden dat bygelyks ‘het hoofd der school’ it haad fan de skoalle wêze moat. It wurdsje ‘licht’ is ek nijsgjirrich. Dat is yn it Hollânsk: net swier en net tsjuster. Yn it Frysk betsjut it allinne: net swier. As it by ús net tsjuster is, dan is it net ‘licht’ mar ‘ljocht’. It hoege net allegearre homonimen te wêzen, mar ûngelikense betsjuttingen fan wurden yn de iene en de oare taal binne lestich. Nim no it Hollânske ‘zeven’, dat yn it Frysk it getal sân betsjut. Wy ha lykwols ek de grûnsoarte sân. It binne beide haadwurden, dus echte homonimen. Taallearders komme dêr gauris mar min út. Dêrfoaroer stiet dat it Hollânsk neist it haadwurd ‘zeven’ ek it tiidwurd ‘zeven’ hat. Dat ha we net. Dat tiidwurd moat as souje of silje oerset wurde, mar dêr litte wy it ôfwitte. Wy nimme gauris it Hollânske tiidwurd oer. Dat wurdt dan ‘seve’.

In oar foarbyld: boom-bomen en beam-beammen. Dêr is neat mis mei, mar as de Hollânske bomen yn it Frysk beammen wurde, wêrom binne spoorbomen dan gjin spoarbeammen? En dat wylst dúdlik is dat de wurden gewoan famylje faninoar binne en net iens homonimen. Ik begryp wol dat taallearders mei spoarbeammen en mei mear fan sokke wurden tinke dat se al aardich Frysk prate. It is dúdlik, betsjuttingen fan wurden oer en wer kinne lestich wêze.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 19 oktober septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
oktober 22, 2019 07:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben oktober 23, 21:35

    Hiel nijsgjrrich Aant.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.