Aant Mulder: De kâlde hjerst

oktober 15, 2019 07:08

Kollum

It is hjerst. De datums dy’t dêrby hearre binne we al foarby. De meteorologyske hjerst begûn op 1 en de astronomyske op 23 septimber. Hawar dat binne mar datums. Dat it hjerst is, dat is ek gewoan oan it waar te fernimmen. It reint faker en it wurdt hieltyd kâlder. It wurdt wer tiid foar truien en jassen en wy draaie de termostaat mar wer omheech. Wylst ik noch oan de hjerst wenne moat, hat de autodealer it alwer oer winterbannen en dus oer de winter. Dy begjint foar winterbannen al by 7 graden, ha ’k begrepen. De hjerst hat fansels ek in oare kant. Dat binne de poddestuollen, dêr’t hieltyd mear fan komme, de moaie kleuren yn de tún en yn de bosken, de noflike skimerjûnen. Guon bernefeesten binne wer kommendeweis. Tink oan: Halloween, Sint- Marten en Sinteklaas. Dat eartiids de hjerst de tiid fan de risping wie, dat binne we hast fergetten. Op dit stuit lizze de boulannen der alwer keal by. Likegoed komt de namme fan de hjerst dêr wol wei. De Germaanske woartel ‘harbista’ waard troch de tiden hinne yn ferskillende oare talen ta herbist, herbest, hervest, harvest. It is net lestich om dêr it wurdt ‘hjerst’ yn te sjen. De risping fan de woartels dus.

Bakfollen wetter. Foto © Aant Mulder

De hjerst, dêr hearre ornaris hurde wyn, bakken mei wetter en lege temperatueren by. Foar dy lege temperatueren ha we twa wurden: kâld (eigenskipswurd) en kjeld (haadwurd). Dat is neat net bysûnder, mar as we dy wurdsjes yn de talen om ús hinne besjogge, binne der wol nijsgjirrige oerienkomsten en ferskillen. It Ingelsk hat bygelyks allinne mar it wurdsje ‘cold’ foar de beide wurdsoarten. It Nederlânsk hat twa, mar dy binne hast folslein gelyk: koud en kou. It Dútsk is wol nijsgjirrich. Dêr ha se it oer: kalt en Kälte. Dat skaait suver nei de Fryske wurdsjes kâld en kjeld út.

It eigenskipswurd ‘kâld’ kin yn in ferskaat oan letterlike en figuerlike betsjuttingen brûkt wurde. Earst in pear foarbylden fan letterlike betsjuttingen: Ik bin sa kâld as in bok. Yn it wurdboek stiet dat dat wurdsje ‘bok’ maklik ferfongen wurde kin troch sa’n fiifentweintich oare wurdsjes, lykas in hjerring, in kikkert, in poask, in pûn moal en fierder. As wy slim kâld binne, kinne we sizze, dat wy kâld en klomsk binne of ûngedien. Figuerlike betsjuttingen binne der hast noch mear: It leit my kâld, It komt my net oan de kâlde klean (it makket my neat), Dat bliuwt my net yn de kâlde klean sitten (emosjoneel belutsen), kâlde drokte, griente fan de kâlde grûn, kâld iten. Dy lêsten skaaie alwer út nei de letterlike betsjutting. Der stiet noch folle mear yn it wurdboek, mar dat moatte jimme sels mar besjen.

Dy man wurdt kjel, as er in wier wurd seit.

Ik wol it noch al efkes ha oer ‘kâld’ as it om famyljerelaasjes giet. Dat komt grif om’t dat gauris tsjin my en oaren yn rûnten fan de skoanfamylje sein waard. Eins giet it om it begryp ‘oantroud’. Wa’t oantroud is, hat gjin bloedbân mei de famylje, dêr’t hy of sy yn troud is. Yn dy gefallen wurdt fan dy oantrouden gauris sein dat se fan de kâlde kant binne, dat se kâlde sweagers en skoansusters binne. Oer dizze betsjutting fan ‘kâld’ falle noch wol in pear dingen te sizzen. Dat moat in oare kear mar.

Foar kjeld jildt itselde. Der is in ferskaat oan letterlike en figuerlike betsjuttingen. It binne der lykwols minder as by ‘kâld’. Foarbylden: kjeld skypje, fol kjeld sitte, de kjeld yn ’e lea ha, kjeld moat kjeld ferdriuwe. In pear figuerlike foarbylden. Ik begjin mei in bibelske siswize: God jout elk kjeld nei’t er klean hat (kruis naar kracht). Fierder: De kjeld moat fan ’e loft (in deilisskip útprate). Der binne ek ôfliedingen en gearstallingen: kjelderich, in kjeldhakke, kjeldlijer, kjeldpûkels. No sa mar.

Hjerst op it Aldemardumer klif. Foto © Aant Mulder

Wy ha net allinne kâld en kjeld mar ek kjel, sûnder ‘d’. It soe samar sa wêze kinne dat dy wurdsjes famylje faninoar binne, want wa’t kjel wurdt (skrikt) dy wurdt dêr ornaris kâld fan. De kâlde rillingen rinne him oer de rêch. Dat makket dat wol dúdlik. Kjel wurde en kjel meitsje dus. In foarbyld: Sa kjel wurde as in hin. Sjogge jo it al foar jo, al dy hinnen dy’t keakeljend opstowe en wer delkomme. In oar foarbyld: It hert ris kjel meitsje (in slokje nimme). Ik kaam ek tsjin: Dy man wurdt kjel, as er in wier wurd seit. Dat wurdsje kjel ha we suver hielendal ynlevere foar ‘schrik’ en kjel wurde foar ‘schrikken’. It binne ynterferinsjes, mar sa fiele we dat net mear. Waling Dijkstra hie net oars ferwachte: Dy sei al: ’Op himsels hoecht dit noch gjin wanfrysk te wêzen, ek al spilet it Hollânske ‘schrikken’ hjir grif net swak by, mar as dizze ‘skrik’-foarmen skielk it lân alhiel ynkrije soene en dy mei kel of kjel fan ’e wacht reagen, dan wie dat fansels gjin taalwinst.

Ik sei it al, yn it wurdboek stiet folle mear. Wat soe it moai wêze no’t it yn ‘e hjerst wer kâlder wurdt, dat wy net allinne de wurden kâld en kjeld, mar ek kjel en ôfliedingen en gearstallingen fan dy wurden brûke soene. En dan te witten dat it yn it Adfrysk gie om twa wurdsjes mei eins deselde betsjuttingen, kelde en kalde. It iene gie nei alle gedachten de wei fan de brekking, it oare net. Sa ûntstiene in pear ferskillende wurden mei ferskillende betsjuttingen.

Hawar, ik hoopje moaie siswizen mei dy wurden te hearren. Dêr wurdt ik dan net kjel fan. It makket de hjerst allinne mar moaier!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 12 oktober septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
oktober 15, 2019 07:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.