Fokaal Ensemble Ljouwert jout konsert yn Goutum

oktober 4, 2019 16:07

Sneon 12 oktober jout it Vocaal Ensemble Leeuwarden in konsert yn Goutum. De te sjongen muzyk hat alles te krijen mei de Noardsee, de skeakel tusken Nederlân, de Britske eilannen en Skandinavië.

Op it programma steane wurken fan de Deen Niels Gade (‘Våren’ = de lente), de Zweden Wilhelm Stenhammar (‘September’) en Hugo Alfvén, de Britten Edward Elgar (‘The shower’) en Benjamin Britten (‘Five flower songs’) en de Nederlanner Frank van Nimwegen (‘Himpen yn de simmerreen’ en ‘Maaie op it iis’).

De stikken fan Van Nimwegen wurde begelaat troch fluitiste Annemarie van der Reijden en pianist Jan van Liere, dy’t fierder ek yntermezzi spylje. Algehiele lieding David van Roijen, de fêste dirigint fan it fokaal ensemble.

It konsert begjin om 20.00 oere en wurdt jûn yn de Agnestsjerke, Buorren 23, 9084 BB Goutum

De tagongspriis is € 12,50. Bern ûnder de 12 meie fergees harkje. Kaarten kinne reservearre wurde op info@vocaalensemble-leeuwarden.nl
By Elizabeth de Groot elizabethdegroot@planet.nl kin mear ynformaasje ynwûn wurde.

oktober 4, 2019 16:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.