100 jier radio: ‘IDZ de earste’

oktober 29, 2019 08:06

Hy is de man fan de radio: Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda út Weidum. Dy eigensinnige yngenieur makke hûndert jier lyn, op 6 novimber 1919, de earste radio-útstjoering fan Nederlân. Omrop Fryslân stiet dêrom fan 28 oktober ôf yn it teken fan 100 jier radio. Mei ûnder oare de Fryslân DOK IDZ de earste.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Dy earste radio-útstjoering yn 1919 wie in revolúsje, ek al lústere der doe mar in hantsjefol radio-amateurs. It wie eins in kommersjele útstjoering, want Idzerda wie fabrikant fan lúkse radiotastellen en dy moasten ek ferkocht wurde. Yn 1924 gie syn ‘Nederlandse Radio Industrie’ fallyt. Hilversum waard it episintrum fan de radio. Idzerda’s technyske nijsgjirrichheid waard him, wrang genôch, needlottich. De Dútsers skeaten him yn 1944 dea yn in park yn Wassenaar, flakby syn hûs. Hy socht nei ûnderdielen fan de V2’s dy’t dêr lansearre waarden. Yn 1969, fyftich jier nei de earste radio-útstjoering, krige Hanso Idzerda in monumint yn Weidum.

Fryslân DOK IDZ de earste – 100 jier radio
‘IDZ de earste’ is in Fryslân DOK oer de heit fan de Nederlânske radio. Programmamakker Annet Huisman siket en fynt de ferhalen by Botte Jellema, freelance radio- en podcastmakker, en by mediaheechlearaar Huub Wijfjes. Trije pakesizzers nimme de sjogger mei werom yn de tiid. Nei Ter Idzard, dêr’t de foarfaars wei komme. Nei Weidum en Mantgum, dêr’t de jonge útfiner sterke stikken úthelle. En nei Scheveningen, dêr’t Idzerda yn it Kurhaus útstjoerings fersoarge foar Britske harkers.

Foto: Omrop Fryslân

2 novimber 15.30 oere op NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 3 novimber 13.00 oere)
3 novimber 17.00 oere op Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren)

100 jier radio by Omrop Fryslân
Yn de temawike 100 jier radio komme ûnder oaren kollumnisten fan eartiids, âlde rubriken, bekende radiotunes en in legindaryske radiokwis foarby. De programmamakkers dûke ek yn de skiednis fan de radio. Op snein 3 novimber is der in spesjale útstjoering fan Buro de Vries út Weidum wei mei muzyk út de alderearste radio-útstjoering spile troch Harmonie Weidum. Publyk is wolkom. Mear ynformaasje oer de temawike en de spesjale útstjoering is te finen op: Omropfryslan.nl/aksje.

Fan 28 oktober ôf by Omrop Fryslân op telefyzje, radio en online

oktober 29, 2019 08:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.