Wy moatte it sels dwaan

septimber 29, 2019 19:50

Taspraak fan Chris van Hes,
deifoarsitter en foarsitter fan de Jongfryske Mienskip,
by de Betinking fan de Slach by Warns, 28-09-2019

Wolkom!

foto It Nijs

Meartaligens. Woansdei lies ik in tige nijsgjirrich stik fan Henk Wolf, ús allegear wol bekend. Hy wurket oan de Hegeskoalle yn Ljouwert en krige e-post fan de biblioteek fan dat ynstitút dat syn útlientermyn hast ferstrutsen wie. Op himsels neat te rêden op it feit nei dat it skriuwen folslein yn it Ingelsk wie. In frjemde taal foar dizze omkriten. Henk gie yn ferwar, de iene Fries skriuwt de oare Fries yn in lânsfrjemde taal oan. Al rillegau kaam der in antwurd fan de oare kant fan de digitale sneldyk. De kar foar de Ingelske taal wie makke om bûtenlânske studinten it gefoel te jaan ‘dat se wurde akseptearre’ (net syn tiidwurdfolchoarder, CvH). Hy krige ek it advys om by syn folgjende lienen ek mar wat wurdboeken Ingelsk mei te nimmen.
In kâns as in bedriging? Driuwt in útheemske taal de sosjale status fan it Frysk noch mear nei ûnderen? Meartaligens, minsken.

Is it allinne mar klearebarre ellinde? Nee, seit de Nederlandse Taalunie yn syn rapport Staat van het Nederlands. Friezen brûke faker it Frysk yn sawol de sosjale omgong as op sosjale media. Dat dogge wy, as Friezen, SELS. Fan it regear hoege wy nammentlik neat te ferwachtsjen. Foar de safolste kear op rige hat it Nederlânske regear om de earen krigen fan in kommisje fan de Ried fan Europa. Om koart te wêzen: de Steat Nederlân docht te min om syn ynspanningsferplichting oangeande de ôfspraken yn it Hânfêst nei te kommen. Dan mar sels dwaan, op WhatsApp, by freonen, op it fuotbalfjild, yn de kroech en…. en op skoalle?

Wy telle 674 jier tebek dat hjir, earne by dizze fjilden, in Hollânske macht opkeard is. In macht dy’t in eigen kultuer en in eigen taal meinommen hie. Wy witte allegear hoe’t dy slach ôfrûn is – en Fryslân soe yn it earstoan noch ridlik frij bliuwe fan soksoarte ynfloeden. Hjoed-de-dei hat Fryslân wol deeglik te krijen mei ynfloeden fan bûten, sa’t Henk Wolf ek al konstatearre.

Mar dochs, nettsjinsteande alle ynfloeden, bedrigingen, kânsen, krewearjen en sleauwens binne wy Friezen de lokkichste provinsje fan Nederlân – en dêrmei ien fan de lokkichtse folken fan ’e ierde. It wurdt de Fryske paradoks neamd:Bij gebrek aan een sluitende verklaring”, seit Fernee fan it Sociaal Planbureau, “ik heb het idee dat Friezen soms beter doorhebben wat echt belangrijk is. Het landschap speelt bijvoorbeeld een rol in het geluksgevoel van Friezen. Het feit dat de Elfstedentocht, indien mogelijk, híer wordt geschaatst. De eigen taal. Dat zijn zaken die je identiteit kunnen versterken. Ofwel: de mienskip. En daarmee je geluksgevoel.’’

En minsken, sels ús kommissaris fan de Kening Brok ûnderskriuwt dat iepentlik. Hy seit: “It Samenwerkingverband Noord Nederland (SNN) is gjin fjirde bestjoerslaach. It Noarden is net in homogene entiteit. Friezen binne gjin noarderlingen. Friezen binne Friezen. Boppedat: myn earste loyaliteit is kommissaris fan Fryslân wêze.’’

No sa, wy moatte it séls dwaan.

septimber 29, 2019 19:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.