Wurdumer Karolingyske muntskat yn Frysk Museum

septimber 26, 2019 15:45

De bysûndere Karolingyske muntskat dy’t yn 2014 by Wurdum fûn is, is ynkoarten te sjen yn it Frysk Museum. De skat bestiet út mar leafst 96 munten mei ûnderskate datearringen.

Foto: Frans de Vries

De trije befreone amateurargeologen Sjoerd Bakker, Jildert de Boer en Thomas Menting fûnen de munten op Twadde Krystdei 2014. In part siet yn in linnen ponkje. Ferskate eksperts hawwe ûndersyk dien nei de fynst. It docht bliken dat it ponkje mei munten tusken 850 en 860 nei Kristus ferlern of ferstoppe is. Yn de terpen fan Fryslân en Grinslân binne mear skatten fûn út dy tiid. Dat kin derop wize dat guod fan wearde ferstoppe waard út eangst foar de Wytsingen, dy’t yn dy perioade tige warber wiene yn it kustgebiet fan Nederlân.

Linnen ponkje
Wat de fynst unyk makket is de oanwêzichheid fan in linnen ponkje. In part fan de munten siet dêryn. It is tige útsûnderlik dat linnen sa lang yntakt bliuwt. De soerstofleaze klaai fan de terp hat makke dat de stof sa goed bewarre bleaun is.

De muntskat is fan 19 oktober 2019 oant en mei 15 maart 2020 te sjen yn it Frysk Museum yn Ljouwert as ûnderdiel fan de útstalling Wij Vikingen.

septimber 26, 2019 15:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. LB septimber 27, 13:59

    Weitôge mar gelokkich net ‘ferlern’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.