Wettertaappunten foar fuortset ûnderwiis Achtkarspelen

septimber 17, 2019 15:14

Op alle skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Achtkarspelen is it taapjen fan wetter no noch makliker. It Lauwers Kolleezje en it Nordwin Kolleezje yn Bûtenpost skonken 16 septimber de earste bidons fol nei de iepening fan de wettertaappunten yn beide kantines. OSG Singelland yn Surhústerfean pleatste foarich jier al in wettertaappunt yn syn nije skoalgebou. Neffens wethâlder Margreet Jonker past it drinken fan wetter by in sûne libbenswize en helpt it by it krijen fan in sûn gewicht. Mei it realisearjen fan de wettertaappunten wurde bern stimulearre om mear wetter te drinken yn pleats fan frisdrinken.

Wettertaappunten op basisskoallen en by sportakkommodaasjes
Op basisskoallen en by sportakkommodaasjes krijt it drinken fan wetter de kommende tiid ek ekstra omtinken. Op skoalpleinen fan basisskoallen troch hiel Nederlân wurde yn de kommende twa jier sa’n tûzen nije wettertaappunten boud. Steatssekretaris Paul Blokhuis (VWS) fiert dêrmei in ôfspraak út út it Nasjonaal Previnsje-akkoart. Oant en  mei 14 oktober kinne alle basiskoallen har ynskriuwe foar in subsydzje foar it oanskaffen, oanlizzen en ûnderhâlden fan in wettertaappunt. Ynskriuwe foar dy subsydzje kin fia https://www.gezondeschool.nl/advies-en-ondersteuning/subsidie-watertappunt.

De gemeente Achtkarspelen stimulearret ek sportferienings om jongelju mear wetter drinke te litten, bygelyks troch stipe by it pleatsen fan bûtenwetterkraantsjes. Opjefte dêrfoar kin by Willemijn Meijer (JOGG-regisseur), w.meijer@ggdfryslan.nl.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Jongeren Op Gezond Gewicht
De wettertaappunten binne ûnderdiel fan de lanlike en gemeentlike kampanje Drink Water fan JOGG (Jongeren Op Gezond Gewicht). 11% fan de 12- oant18- jierrigen in Achtkarspelen hat oergewicht, dat leit justjes heger as trochsneed yn Fryslân. Troch bern en jongeren yn Achtkarspelen wurdt ek mear drinken mei sûker en minder wetter dronken as it Frysk gemiddelde. Gelokkich is dat ferskil yn de groep 4- oant 12-jierrigen yntusken al minder grut wurden, sa docht út ûndersyk fan GGD Fryslân bliken. Yn 2020 folgje nije sifers oer de 12- oant 18-jierrigen.

septimber 17, 2019 15:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.