Wethâlder springt yn it wetter by iepening Djipswâlen Kollum

septimber 30, 2019 08:50

Freedtemoarn is de Easter- en Westerdjipswâl nei in rekonstruksje fan hast in jier feestlik iepene. De omjouwing is folslein fernijd; de kaaien, strjitten, rioelearring en ferljochting binne oanpakt. Troch de bredere feart en de ferhege brêgen is it sintrum oer it wetter better berikber makke.

Foto: Nanne Nicolai

“As de werynrjochting klear is, spring ik fan wille yn ’e grêft”, beloofde Jelle Boerema doe’t er wethâlder wie fan gemeente Kollumerlân c.a. Dat ûnthjit kaam er freedtemoarn nei. Mei syn kollega-wethâlder Engbert van Esch (gemeente Noardeast-Fryslân en oannimmer Harm Beerda (Keninklike Oosterhof Holman) ûntbleate er in stien yn ’e kaaimuorren dy’t in oantinken is oan de rekonstruksje.

It einresultaat
Alle trije binne tige grutsk op it einresultaat. Van Esch: “Kollum hat in rike histoarje en dat wurdt troch de kaaimuorren ekstra sichtber. Boppedat kin it projekt in enoarme ympuls jaan oan Wettersportdoarp Kollum en dêrmei ús gemeente.”

Beerda: “It projekt siet foar ús meiwurkers fol útdagings. Wy hiene te krijen mei in beheinde wurkromte. Tekenjend wiene de goede gearwurking en kommunikaasje mei omwenners, mar foaral it begryp. En dêrtroch is it ús mei-inoar slagge. It resultaat mei der dan ek wêze!”

Foto: Nanne Nicolai

Oanlieding
De houten wâlbeskoeiïng wie yn in tige minne steat en moast folslein ferfongen wurde, krekt as de brêge oer de Foarstrjitte en de fuotgongersbrêge tusken de Easter- en Westerdjipswâl. Yn ’e mande mei omwenners, Pleatslik Belang en de ûndernimmersferiening HIM waard in plan foar de hiele omjouwing makke.

Wettersportdoarp Kollum
De werynrjochting fan de Djipswâlen makket ek ûnderdiel út fan de twadde faze fan Wettersportdoarp Kollum. De ôfrûne jierren is yn Kollum in protte ynvestearre yn rekreative foarsjennings, binne der brêgen ophege en fernijd en is in part fan de farwegen ferdjippe. Kollum moat ‘it wikselplak yn Noardeast-Fryslân’ wurde, dêr’t ynwenners en besikers fan it wetter en lân genietsje kinne.

Ambachten
Nei de offisjele iepening stie de Foarstrjitte de hiele dei yn it teken fan wetter en histoarje. By de kaai lâns koene de minsken ûnder oare yn ’e kunde komme mei de Sudersee-ambachten. Freedtejûn song it Seemanskoar Lauwerseach yn in tinte by de Foarstrjittebrêge. De ûndernimmers lieten it winkeljend publyk op de feestlike dei profitearje fan ekstra koarting.

septimber 30, 2019 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.