‘Weide Sompe Wâldwykein’

septimber 19, 2019 08:31

Nei de oanlis fan de Sintrale As is der in protte dien om it gebiet om de dyk hinne te fersterkjen. Der is nije natuer ûntwikkele en der binne nije fytspaden, kuierpaden, menpaden en ruterpaden oanlein. De Sintrale As wol de omjouwing sjen, ûnderfine en belibje litte, wat der oant no ta dien is. Dat docht de provinsje yn it ‘Weide Sompe Wâldwykein’. In wykein fol bûtenaktiviteiten op 20, 21 en 22 septimber oansteande.

Foto: Provinsje Fryslân

Mei de omlizzende doarpen, mar ek mei (natuer-)organisaasjes wurde der ferskate aktiviteiten organisearre. Der is oansluting socht mei besteande aktiviteiten as de Midnightwalk yn Burgum op 20 septimber en it strjitfestival yn De Westereen op 21 septimber. Dêrneist wurde noch in protte oare aktiviteiten organisearre.

Startskot aktiviteiten
It startskot foar de aktiviteiten wurdt jûn troch deputearre Johannes Kramer en de foarsitter fan de gebietsûntwikkelingskommisje, Bertus Mulder. Dat dogge se foarôfgeand oan de Midnightwalk fan Burgum op freed 20 septimber om 19.15 oere.

Fan fotografywurksjops oant natuerekskurzjes, fan preamfarren oant en mei in ambachtemerk, fan sketskes út Oera Linda oant ponyriden, it komt op de sneon allegear foarby.

De snein stiet yn it teken fan de ‘Weide Sompe Wâldrin’, organisearre troch rinklup Burgum. Dêrneist is der in sprintsurvival yn Burgum, in boxing yoga en bootcamp yn De Westereen en kin der wer meidien wurde oan in stikmannich wurksjops en ekskurzjes.

Begjin septimber is der in folder yn ’e regio ferspraat mei it folsleine programma. Lês ek de berjochten op Facebook@weidesompewâld.

septimber 19, 2019 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.