Warnsbetinking = Mienskipsdei sneon 28 septimber op it Reaklif

septimber 17, 2019 22:30

Joana Duarte (boarne twitter / Joana Duarte)

Op sneon 28 septimber o.s. sil de betinking (as mienskipsdei) om 13.45 oere op it Reaklif  plak hawwe. It tema is dit jier: “Mear-taligens?”. Spreksters binne Joana da Silveira Duarte, lektor meartaligens oan de NHL-Stenden (foto) en Rianne Blokzijl, dosinte Frysk oan it Ljouwerter Lyceum.

Jan Nota (Penjum) en Gezina van der Zwaag (Gytsjerk) sille harren eigen lieten sjonge en it korps fan de Gaastmar û.l.f. Guus Pieksma jout ek in muzikale bydrage. Nei ôfrin is der in gearsit yn “De Spylder” yn Warns mei de mooglikheid mei de spreksters nei te praten.

Stipersbydragen (€ 10,-, superstipers € 35,-) kinne oermakke wurde op bankrekkennûmer NL26RABO 0132 9387 66 fan de Stifting Slach by Warns. Stipers wurde fersocht harren emailadres troch te jaan oan de skriuwster, as dat noch net dien is.

It bestjoer fan de Stifting Slach by Warns docht fierders te witten dat it driuwend ferlet hat fan nije bestjoersleden. Gadingmakkers kinne harren ek melde by de skriuwster.

septimber 17, 2019 22:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.