Waarpraatsje: Unwissens

septimber 19, 2019 17:49

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreaze tongersdei sjocht it waar der foar freed ûnwis út. Yn it wykein wurdt it neisimmersk.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed binne der opklearringen, mar der is ek kâns op bewolking. It is ûnwis oft it helder bliuwt of dat der bewolking is. By opklearringen kin op guon plakken wat damp ûntstean. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen en de temperatuer leit tusken de 6 en 9 graden.

Freed sjocht it waar der ek ûnwis út. Der is, nei alle geachten, bewolking mar (flink wat) sinne is ek net hielendal útsletten. De swakke oant matige wyn giet nei it easten en de temperatuer leit om de 17 graden hinne.

Yn it wykein wurdt it goed 20 graden mei op sneon in soad sinne.

Jan Brinksma

septimber 19, 2019 17:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.