Waarpraatsje: Woansdei rein

septimber 10, 2019 18:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in hiel kreaze dei mei noch wol op guon plakken yn Fryslân in buike. Woansdei sjocht it der wat minder goed út en sil it in skoft reine.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is der bewolking en kin der in bui falle. In inkelde opklearring is ek net útsletten. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak, by de kust lâns matich.

Woansdei is de loft berûn en letter set it op in reinen. De súdwestewyn hellet oan en wurdt matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich, miskien wol hurd. De temperatuer leit om de 17 graden hinne.

Fan tongersdei ôf wurdt it wat waarmer.

Jan Brinksma

septimber 10, 2019 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.