Waarpraatsje: Wiete woansdei

septimber 3, 2019 19:07

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreaze mar wol wat skiere tiisdei. Woansdei sil it in skoft reine.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich. By de kust lâns stiet mear wyn. It wurdt in graad as 12.

Woansdei rekket de loft hielendal berûn en set it op in reinen. Letter op ‘e dei wurdt it wer drûch. By in matige, by de kust lâns (frij) krêftige, súdwestewyn wurdt it 18 graden

Nei woansdei bliuwt it ritich en fris.

Jan Brinksma

septimber 3, 2019 19:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.