Waarpraatsje: Stadichoan ritich

septimber 2, 2019 17:51

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreaze moandei, mar wol in hiel stik minder waarm as de lêste tiid. Fan tiisdei ôf wurdt it stadichoan ritich.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei rekket de loft berûn en soe der wat rein falle kinne. De súdwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Tiisdei wikselje bewolking en (wat) sinne inoar ôf. Der soe sa út en troch ek noch wat rein falle kinne. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt in graad as 20.

Woansdei is der kâns op mear rein.

Jan Brinksma

septimber 2, 2019 17:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.