Waarpraatsje: Stadichoan better

septimber 11, 2019 18:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in ferreinde woansdei sil it waar de takommende dagen opknappe.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft earst noch berûn, mar letter binne der ek opklearringen. Op in soad plakken kin damp ûntstean. By in swakke súdwestewyn wurdt it 11 graden.
Tongersdei is de loft foar it grutste part berûn en it kin boppedat noch dampich wêze. Yn ‘e middei wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf. De wyn komt út it súdwesten en wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich, letter miskien krêftich. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Freed feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

septimber 11, 2019 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.