Waarpraatsje: Op ‘e nij rein

septimber 30, 2019 18:42

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in net al te minne moandei set it fannacht wer op in reinen. Tiisdei falle der buien.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn en sil it in (hiel) skoft reine. By in matige sudewyn wurdt it 12 graden. Yn it Waadgebiet stiet yn ‘e nacht in swakke oant matige easte- oant súdweastewyn.

Tiisdeitemoarn kin it earst noch reine, letter falle der inkelde buien. Yn ‘e middei binne der ek wat opklearringen, mar in bui is wis net útsletten. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns earst krêftich. Yn it Waadgebiet giet de wyn yn ‘e middei nei it noarden oant noardeasten. It is mei 15 graden in frisse dei.

Woansdei wurdt it noch wat kâlder.

Jan Brinksma

septimber 30, 2019 18:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.