Waarpraatsje: Omslach

septimber 22, 2019 19:28

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in strieljend wykein mei waarm neisimmerwaar. Dat kreaze waar komt foarearst net werom. It wurdt in hiel stik ritiger.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei rekket de loft berûn en kin it sa út en troch reine. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Mei 14 graden is it wol in mylde nacht.

Moandei is de loft berûn en der soe noch wat rein falle kinne. Yn ‘e rin fan ‘e dei sil de sinne ek noch te sjen wêze, mar der is dan wol kâns op in bui. By in matige súdwestewyn wurdt it 19 graden.

De oare dagen fan dizze wike bliuwt it ritich en wurdt it noch wat frisser.

Jan Brinksma

septimber 22, 2019 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.