Waarpraatsje: Oanhâldend ritich

septimber 29, 2019 20:04

foto ©Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in ritich wykein mei foaral snein striemin waar. It bliuwt foarearst ek ritich en wiet.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei falle der buien, miskien wol mei tonger. De wyn giet nei it westen oant noardwesten en hellet flink oan. Der komt in matige oant frij krêftige wyn te stean. By de kust lâns wurdt de wyn hurd oant stoarmich. Dêr is, krekt as boppe de Iselmar, ek kâns op swiere wynstjitten. Letter yn ‘e nacht jout de wyn him wol wat del. It wurdt 12 graden.

Moandei wikselje bewolking en buien inoar ôf en yn ‘e rin fan ‘e middei sil it in skoft (wat) reine. De wyn komt út it noardwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Letter yn ‘e middei giet de wyn nei it súdwesten en jout him wer wat del. It wurdt net folle waarmer as 16 graden.

Tiisdei wurdt ek in (tige) wiete dei.

Jan Brinksma

septimber 29, 2019 20:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.