Waarpraatsje: Neisimmersk wykein

septimber 13, 2019 19:02

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in hiel noflike dei en it bleau sa goed as drûch. It wykein sjocht de neisimmersk út.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder en kuollet it flink ôf. Op guon plakken soe wat damp ûnstean kinne. De wyn is swak oant matich en komt út it noarden. Yn ‘e rin fan ‘e nacht is der hast hielendal gjin wyn mear. It wurdt tusken de 5 en 10 graden.
Sneon skynt de sinne hast de hiele dei. By in swakke súdwestewyn leit de temperatuer om de 20 graden hinne.
Snein feroaret der net folle oan  it waar. It wurdt noch wat waarmer, mar der is wol wat mear bewolking.
Nei it wykein wurdt it frisser.

Jan Brinksma

septimber 13, 2019 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.