Waarpraatsje: Koel

septimber 1, 2019 17:50

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Mei in tal tongerbuien waard de waarmte sneontejûn ferdreaun. De temperatuer komt de takommende wike net mear boppe de 20 graden út.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Der kin in inkelde (tonger)bui falle. By in swakke oant matige westewyn leit de temperatuer om de 11 graden hinne.

Moandei is der earst bewolking en der kin noch in bui falle, mar geandewei de dei is der ek sinne. De wyn komt út it westen en is matich. It wurdt 19 graden.

Tiisdei bliuwt it drûch en is it noflik neisimmerwaar.

Jan Brinksma

septimber 1, 2019 17:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.