Waarpraatsje: Hjerstich

septimber 4, 2019 18:43

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in, foar in part, ferreinde woansdei krije wy in tongersdei mei in soad wyn. De hjerst stiet efkes foar de doar.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Der is boppedat kâns op in bui. De westewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich en yn it Waadgebiet miskien wol stoarmich mei kâns op wynstjitten. It wurdt 11 graden.

Tongersdei wikselje bewolking en (wat) sinne inoar ôf en der kin nog hieltyd in bui falle. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is matich oant frij krêftich. By de kust lâns stiet (in stik) mear wyn. It wurdt net folle waarmer as 17 graden.

Nei tongersdei bliuwt it ritich en oan de kâlde kant.

Jan Brinksma

septimber 4, 2019 18:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.