Waarpraatsje: Hjerstich

septimber 6, 2019 16:36

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It docht de lêste dagen suver wat hjerstich oan en neisimmerwaar is foarearst ek net oan de oarder. Yn it wykein is it ritich en fris.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon kin der in bui falle, miskien wol mei tonger. Letter binne der ek opklearringen en soe der op guon plakken wat damp ûntstean kinne. By in swakke súdwestewyn leit de temperatuer om de 10 graden hinne.

Sneon wikselje sinne en bewolking inoar ôf en falle der inkelde buien, miskien wol mei tonger en heil. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is swak oant matich. Letter giet de wyn nei it noardwesten en hellet wat oan. It wurdt net folle waarmer as 17 graden.

Snein feroaret der net folle oan it waar. Der is noch hieltyd kâns op in bui en mei 16 graden is it oan de kâlde kant foar de tiid fan it jier.

Takomme wike knapt it waar stadichoan wat op.

Jan Brinksma

septimber 6, 2019 16:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.