Waarpraatsje: Hjerst

septimber 26, 2019 18:57

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hast hielendal ferreinde tongersdei bliuwt it ritich. Foaral sneon en snein sjogge der striemin út.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf, mar in bui is wis net útsletten. De wyn komt út it súdwesten en is matich, boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 13 graden.

Freed wikselje wat sinne en bewolking inoar ôf. Der falle boppedat inkelde buien, miskien wol mei tonger en heil. De súdwestewyn is matich, boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich, letter miskien wol hurd. It wurdt net folle waarmer as 17 graden.

It wykein sjocht der tige wiet út. Der stiet ek noch in hiel stik wyn. Folslein hjerst dus!

Jan Brinksma

septimber 26, 2019 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.