Waarpraatsje: Fris

septimber 16, 2019 19:48

In part fan it âlde gemeentehûs op ’e Jouwer. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in skiere en mismoedige moandei wurdt it stadichoan wer wat better waar.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der opklearringen. By in swakke oant matige noardwestewyn leit de temperatuer om de  9 graden hinne.

Tiisdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf. Der soe in bui falle kinne. De wyn komt út it noardwesten en is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet (wat) mear wyn. It wurdt in graad as 17.

Woansdei, tongersdei en freed feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

 

septimber 16, 2019 19:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.