Waarpraatsje: Freed rein, yn it wykein neisimmer!

septimber 12, 2019 18:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze tongersdei sjocht it der foar freed wer minder goed út, mar yn it wykein wurdt it simmersk.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed rekket de loft berûn en letter reint it sa út en troch. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Yn ‘e rin fan ‘e nacht giet de wyn by de kust lâns nei it noardwesten. Mei in graad as 15 wurdt it in mylde nacht.
Freed is de loft earst noch berûn en kin it noch wat reine. Yn ‘e rin fan ‘e dei sil de sinne grif ek noch skine. De matige wyn giet fan it súdwesten nei it noardwesten. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Yn it wykein wurdt it neisimmer mei in soad sinne en foaral snein waarm waar.

Jan Brinksma

septimber 12, 2019 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.