Undersyk: Hyves-profilen noch altyd te finen
Resint ferskynd
Fyftjin jier nei de oprjochting fan Hyves stean der noch altyd gegevens fan sa’n njoggen miljoen brûkers online, wylst de webside al seis jier offline is. Argyfwebside Archive.org sloech de siden op, dy’t yndividuele brûkers net sa maklik fuorthelje litte kinne. Dat ûntduts VPNGids.nl by in online ûndersyk.
Siden fan oare sosjale media wurde ek ‘yndeksearre’ troch Archive.org, lykas Instagram, Twitter en Facebook. Profilen dy’t troch brûkers letter op privee set wurde, of berjochten dy’t letter fuorthelle waarden, binne faak dochs werom te finen fia de Wayback Machine, de sykmasine fan it argyf.
Fuorthelfersyk yntsjinje
Om in profylside fuorthelje te litten, kin men in skriftlik fersyk by it Archive Team yntsjinje. Archive.org liket lykwols noch gjin prioriteit te jaan oan it ferwurkjen fan dy fersiken. It ôfrûne healjier socht VPNGids.nl al kontakt mei it Archive Team oer it fuortheljen fan profylsiden, mar in reaksje bleau út.
Noud van Gemert, advokaat spesjalisearre yn cybercrime, jout oan wat men dwaan kin as Archive.org in profyl yn ’e loft hâldt: “As net oan it fersyk foldien wurdt, kin ien in klacht yn de Autoriteit Persoansgegevens yntsjinje. Der stean frij hege boetes op it oertrêdzjen fan dy regels.”
Kontrolearje hokker sosjale media-profilen werom te finen binne? Sjoch hjir.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje