Twadde Bachdei yn Grou

septimber 20, 2019 11:39

Yn Grou waard ferline jier septimber in Bach-dei holden. De belangstelling dêrfoar wie sa oerweldigjend dat de organisatoaren besletten hawwe om dit jier wer sa’n dei te hâlden. Dat sil wêze op sneon 28 septimber. En al is dan ek allegear Bach wat der klinkt, der is dochs noch sprake fan in premjêre: Bachs Kaffeekantate sil yn it Frysk songen wurde yn in prachtige oersetting fan Hindrik van der Meer.

Der is de hiele middei in programma dat him yn koarte konserten fan tweintich minuten ôfspilet op alderhande lokaasjes yn it sintrum fan Grou en troch alderhande musisy, ensembles en solisten, ynstrumintaal en fokaal, mei dêr tuskenyn tiid om fan it iene nei it oare plak te rinnen.

It programma wurdt om 13.00 oere iepene yn de Sint Pitertsjerke, mei Gerrit Breteler (sjonge en ferhelje), Johan Bijhold (piano), Carl Visser (klavesimbel) en Agnes van Laar (sopraan).

Fan 14.00 oant 17.00 oere kinne de harkers kieze út simultane optredens dy’t hieltyd werhelle wurde yn de pastorij, de tsjerke, in kroech, in skip en yn wenhuzen. Der kin harke wurde nei Johan Bijhold (piano), it Saksofoanorkest Drachten, Wim Houtsma (marimba), de Ljouwerter Bachferiening (mei de mooglikheid om in workshop te folgjen), Sjors Holleboom (gitaar), Marieke Kroes (akkordeon), Marije Vijsselaar en Colet Nierop (harpen), Brassband Apollo (yn lytse besetting), Jan de Roos (piano) en Inge Muntendam (fioele) en in Akkordeontrio ûnder lieding fan Annemarieke van der Ploeg.

De dei wurdt fan 19.30 ôf ôfsletten yn de Treemter mei de útfiering fan Bachs Kofjekantate oerset troch Hindrik van der Meer, in komyske minyopera troch de sopraan Agnes van Laar, de tenoar Maarten Romkes en de bas Ben Brunt. Ynstrumintae begelieding troch Hetconsort3.2

Tuskten 17.00 en 19.30 oere stiet by de Grouster hoareka in spesjale Bachhap klear.

Kaarten à € 17,50 kinne reservearre wurde op sintpiterconcerten.nl\Bachdag. Dêr is ek mear ynformaasje te finen.Wa’t fragen hat kin skriuwe nei sintpiterconcerten@gmail.com.

septimber 20, 2019 11:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.