Twa winners NTR Podcastpriis

septimber 2, 2019 08:40

Céline Ottenburgh en Luke Thomas binne de winners fan de NTR Podcastpriis 2019, de jierlikse priis foar oankommende podcastmakkers. Hja diele de earste priis. Yn in spannende finale, sneintemiddei yn De Brakke Grond yn Amsterdam, lieten se de oare acht nominearre kandidaten út Nederlân en België efter harren.

Foto: NTR/Lilian van Rooij

De iensume útfeart
Céline Ottenburgh, studinte oan it RITCS yn Brussel, makke mei har podcast De eenzame uitvaart in ymposant ferhaal oer iensume deaden foar wa’t dichters in persoanlik gedicht skriuwe en dat foarlêze op harren begraffenis.

Tinnitus
Luke Thomas fan de Fontys skoalle foar sjoernalistyk yn Tilburch makke de orizjinele podcast Tinnitus. Dêryn giet er by jonge en âlde minsken mei tinnitus op syk nei harren ‘piip’ om mei dy lûden in muzykstik te komponearjen.

Oanmoedigingspriis foar jonge makkers
It wie alwer de 29e kear dat de NTR de oanmoedigingspriis foar oankommende podcast- en radiomakkers útrikte. De nominearre ynstjoerings wiene ôfrûne moanne op snein 4, 11, 18 en 25 augustus te beharkjen yn Radio Doc op NPO Radio 1. De finale wie snein 1 septimber yn De Brakke Grond yn Amsterdam en waard presintearre troch Mijke van Wijk. De programma’s binne noch altyd te beharkjen op Soundcloud, fia Facebook en as podcast yn de iTuneswinkel. Se binne te finen ûnder de sykterm NTR Podcastprijs 2019.

Der waarden nóch twa prizen útdield. De publykspriis, dêr’t fia Facebook foar stimd wurde koe, gie nei Nooit meer samen jarig fan Kasper Wienk. De Dutch Directors Guildpriis gie nei Anoniem intiem fan Maarten Dallinga. De NTR wol mei de priis, njonken it fieren fan it medium podcast, in poadium biede foar oankommende podcastmakkers, harren rjochting jaan en harkers yn ’e kunde komme litte mei harren wurk.

Einoardiel sjuery earste priis
De sjuery ûnder foarsitterskip fan koördinator fan NPO Radio 1, Wim Eikelboom, wie oangenaam ferrast troch it oantal fan 54 ynstjoerings. Sawol de ûnderwerpen, fan tige persoanlik oant ûndersykssjoernalistyk, as de oanpak, mei humor en lef, rûnen nochal útinoar. De sjuery woe by syn einoardiel foaral orizjinaliteit, ferhaalopbou en kwaliteiten fan de postcastmakker oanmoedigje.

septimber 2, 2019 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.