Turk tolve jier de sel yn foar misledigjen Erdogan

septimber 24, 2019 00:48

Turkije liket hurd op wei nei in diktatuer. Yn 2017 stiene mear as seistûzen minsken foar de rjochter op beskuldiging fan it misledigjen fan presidint Erdogan. Dizze wike krige in man in rekordstraf fan mear as tolve jier finzenis.

Burhan Borak (foto) út de East-Turkske provinsje Van hat yn 2014 sân berjochten op ‘e sosjale media set dy’t neffens it Turkske Iepenbier Ministearje misledigjend binne foar Erdogan. Foar elk berjocht kriget Borak 21 moanne selstraf, mei-inoar tolve jier en trije moanne.

De ferfolgings fan ‘e ôfrûne jierren binne basearre op in wetswiziging dy’t Erdogan trochfierd hat en dy’t makket dat hast alle krityk op ‘e oerheid as mislediging fan ‘e presidint opfette wurde kin.

septimber 24, 2019 00:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.