Tsientûzen Fryske en Nedersaksyske boeken skielk fergees op ynternet

septimber 24, 2019 00:57

De Keninklike Bibleteek yn De Haach en Tresoar yn Ljouwert hawwe ôfpraat om mei-inoar in pear grutte digitalisearreingsprojekten troch te fieren. De wichtichste ôfspraak is dat sa’n tsientûzen boeken yn it Frysk en it Nedersaksysk ynscand en op ynternet set wurde. Dêr komme se dan fergees beskikber. It sil foar it grutste part gean om boeken dy’t foar 1940 ferskynd binne en dêr’t de auteursrjochten fan ferfallen binne, mar útjouwers krije ek it fersyk om nijere boeken beskikber te stellen.

Net allinne boeken komme op ynternet, doel is ek dat websiden dy’t mei de Fryske taal te krijen hawwe, argivearre wurde. Sa wolle de ynstituten it kulturele erfskip yn de lytse talen fan Nederlân bewarje en taalûndersikers de mooglikheid jaan om ûndersyk op it materiaal te dwaan.

De boeken en websiden wurde ûnderbrocht op it webstee www.delpher.nl.

septimber 24, 2019 00:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.