Trije nije kommisjeleden by de Steatefraksjes

septimber 5, 2019 09:19

By de Steatefraksjes fan CDA, FNP en PvdA binne nije kommisjeleden beneamd. In kommisjelid is gjin lid fan Provinsjale Steaten, mar kin wol meidwaan oan it debat yn de byldfoarmjende en oardielfoarmjende Steatekommisjes. Hy of sy kin ek út namme fan de fraksje lid wêze fan Steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.

F.l.n.r.: Rein van der Wal (FNP), Bastiaan Dijk (CDA) en Jan Walrecht (PvdA) – foto: Provinsje Fryslân

Bastiaan Dijk (28) fan Burgum is troch kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok beëdige as kommisjelid foar de it CDA. Dijk is planolooch en projektûntwikkelder en hat ûnder mear belutsen west by de gebietsûntwikkeling fan it provinsjaal projekt De Sintrale As. Fierder is hy bestjoerslid fan it CDA yn Tytsjerksteradiel.

Foar de FNP is Rein van der Wal (61) fan Surhústerfean beëdige. Van der Wal hat in ûnderwiiseftergrûn en hat krapoan 20 jier riedslid west yn de gemeente Achtkarspelen. Dêr is er op dit stuit ek noch aktyf foar de FNP. Yn de foargeande steateperioade wie er ek kommisjelid.

Jan Walrecht (70) is ta kommisjelid beneamd foar de PvdA. Walrecht is ekonoom en hy wennet yn Aldehaske. Hy hat ferskate funksjes yn gewestlike bestjoeren en ôfdielingsbestjoeren fan syn partij ferfolle. Fierder wie er ûnder mear riedslid en wethâlder yn Skarsterlân.

Eltse fraksje hat de mooglikheid om de earstfolgjende op harren kandidatelist as kommisjelid oan te wizen. In oantal Steateleden is trochskood nei it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dêrtroch ûntstie romte foar nije kommisjeleden.

septimber 5, 2019 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.