Tom Dykstra: Betinking Slach by Warns in mienskipsdei (3)

septimber 19, 2019 06:24

Skôging

Foto: Stifting 1345

Yn myn eardere bydragen ha ik wat skreaun oer 1345 en hoe’t de Fryske taal yn de rin fan de tiid in ‘minderheidstaal’ wurden is. Minderheidstaal net sasear kwantitatyf besjoen, mar yn ferliking mei it ‘Nederlands’, de mearderheidstaal, is it Frysk yn eigen taalgebiet in beheinde posysje tametten. De jierlikse betinking is no in momint om de wearde en it besteansrjocht fan dy Fryske mienskip op it aljemint te bringen.
Hoe sjocht it programma der foar 28 septimber út?

Wat is it doel fan de betinking?
Formeel hat de Stifting as doel it ûnderhâld fan in monumint en de organisaasje fan in betinking. De stifting konkretisearret dy formele doelstelling troch:
1. in gelegenheid te bieden foar it belibjen fan identiteit en mienskipsfoarming;
2. bewustwurding fan de maatskiplike posysje as ‘lytse’ taalgroep;
3. omtinken te freegjen foar demokratyske (minske)rjochten;
4. diskusje oer hoe te hanneljen as lytse mienskip yn in globalisearjende wrâld.

Net allinne yn Fryslân, mar rûnom op ’e wrâld hawwe lytse folken en talen it dreech om romte foar en ûnderwiis yn de eigen taal en kultuer te realisearjen. It Europeeske ideaal fan ‘culture diversity’ is goed, mar hat yn de Nederlânske ferhâldingen bepaald gjin prioriteit. Sa slim as yn Tibet, dêr’t minsken martele wurde as hja opkomme foar eigen taal en kultuer, is it hjir net. Hjir hawwe wy te krijen mei arguminten as, dat it net fatsoenlik is, te djoer (krekt as soe it Nederlânsk neat kostje) en op skoalle is der gjin tiid foar (minder tiid foar oare fakken). Boppedat kinne de minsken it Frysk net lêze en skriuwe (sels Steateleden kinne om in Hollânske oersetting fan Fryske stikken freegje) en de Frysktaligen binne ommers twatalich. Dus wêrom dat Frysk sa wichtich fine?

Klifgongers hâlde fan Fryslân. Friezen binne ek Nederlanner en ha gjin hekel oan it Hollânsk as taal. Probleem is it ûntbrekken fan politike wil, respekt en ferantwurdlikens foar de Fryske taal en kultuer as in kulturele rykdom. It doel fan de betinking is no krekt om Frysk- en net-Frysktaligen bewust te meitsjen fan dy efterstelde posysje as Fryske mienskip en beswier te meitsjen tsjin in trochgeand ferfrjemdingsproses yn opfieding en ûnderwiis. De betinking wol dêrfoaroer ek perspektyf biede.

Meartaligens as tema dit jier
Yn de lêste tiid is meartaligens in nij biedwurd. De bern moatte foar harren takomst meartalich wêze. Net altyd is like dúdlik hokker talen no bedoeld wurde. Wat is de posysje fan de thústaal fan de bern? Krijt it Frysk no in better plak op de skoallen? Of bedoele wy dat it Ingelsk sa betiid mooglik de bern bybrocht wurde moat? Leafst daliks al yn groep 1 fan de basisskoalle? Yn it fuortset ûnderwiis Spaansk ynstee fan Frysk? Krijt it Frysk ek de kâns om fiertaal by oare fakken te wurden?
De mânske publikaasje It is mei sizzen net te dwaan, it provinsjale rapport Taalplan Frysk út 2018, jout foar it Frysk op skoallen gjin posityf byld. Noch gjin 30% fan de skoallen yn it primêr ûnderwiis hat in folslein oanbod Frysk mei alle kearndoelen foar dat fak. Yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis is dat persintaazje wat heger. Kearndoelen binne bedoeld as oanbodsferplichtingen foar de skoalle en foarmje gjin ferplichte prestaasje-easken foar de bern. Alle bern moatte de kâns krije sa fier mooglik te kommen.
De niisneamde ynventarisaasje lit lykwols foar fierwei it grutste part fan de skoallen in hiel oare praktyk sjen. Mei de nije Haachske regeljouwing foar it Frysk yn 2014 en it belied fan de provinsje wurde noch gjin stappen foarút set.

It resinte oerheidsbelied foar it Frysk
De lanlike oerheid hat ûntheffing (!) om Frysk te jaan en it fêststellen fan de kearndoelen Frysk nei de provinsje desintralisearre. Yn it ferplichte oerlis fan provinsje en skoallen meie de skoallen it draachflak foar dat ûnderwiis oanjaan. It algemien belang fan goed ûnderwiis yn it Frysk wurdt sa werom brocht ta in skoalbelang. Foar oare fakken jildt sa’n regeling net, omdat it yn striid wêze soe mei it algemien belang fan goed ûnderwiis yn dy fakken.

De provinsje hat nei oerlis mei de skoallen keazen foar it útgongspunt om it skoalprogramma Frysk te rjochtsjen op it trochsneed behearskingsnivo fan de bern yn de (skoal)omjouwing. Dêrta kinne de skoallen kieze út in tal profilen mei mear of minder kearndoelen. Benammen de Frysktalige learlingen krije sa minder de kâns om skriftlike feardichheden har eigen te meitsjen. Op mar 47% fan de basisskoallen wurdt lêsûnderwiis yn it Frysk jûn (Rapport Taalplan Frysk).

De provinsje wie yn 2014 bliid om tenei mei de skoallen de nije kearndoelen Frysk fêststelle te kinnen. De deputearre sei ta dat it allegear minder twingend (?) wurde soe troch ûnderwiis ‘op maat’. Dêr is lykwols neat fan op ’e hispel kommen. De ûntwikkelgroep wie fan ’t maitiid noch net klear en woe mear tiid (jild) ha. Op 1 april (gjin grap) 2019 is de webside kurrikulum.frl fan de groep op ‘swart’ gien, omdat neffens de Europeeske regels foar oanbesteging foar gruttere projekten de groep net samar mear jild krije kin.
Lanlik giet alles wol troch en sa is de kâns om it Frysk no better yn meartalich ûnderwiis te yntegrearjen mislearre.

Guon binne fan betinken no net langer oer ûnderwiis yn it Frysk te praten, mar enerzjy te stekken yn kontekstaktiviteiten lykas de sosjale media. No hoecht soks gjin tsjinstelling te wêzen, mar as dat net jildt foar it Hollânsk, dan ha ik myn twivels.

Meiwurkers oan de betinking
Frou J. Duarte, de nije lektor meartaligens oan de NHL Stenden hegeskoalle, sil in ferhaal hâlde oer de kânsen foar it Frysk yn meartalich ûnderwiis yn Fryslân. As ferfolch dêrop jout dosinte Frysk R. Blokzijl oan hokker mooglikheden oft sy sjocht oan it Ljouwerter Piter Jelles gymnasium.
It tema hat ek te krijen mei yntegraasje, multy-kultureel en identiteit. Jan Nota en Gezina van der Zwaag sille yn harren bydragen dêr al sjongend utering oan jaan.
Wolkom op it Reaklif, sneon 28 septimber om 13.45 oere.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Stifting Slach by Warns

 

septimber 19, 2019 06:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.