Tom Dijkstra: Betinking Slach by Warns in mienskpsdei (1)

septimber 5, 2019 10:53

Skôging

It Fryske bûsboekje 2019 jout foar de 26ste septimber Leaffrouwedei / Europese taledei / Slach by Warns (1345). Foar de 28ste stiet der Mienskipsdei op it Reade Klif (13.45). Betiizjend? Nee, want de betinking fan de Slach by Warns wurdt altyd organisearre op de sneon, dy’t it tichtste by de 26ste leit en dat is dit jier op de 28ste septimber. In betinking as mienskipsdei.

Situaasje by Starum yn 1345

Under de banier fan ús Leaffrouwe, de hillige Maria
Neidat de Friezen de Slach by Warns op 26 septimber 1345 (ek wol dy by Starum neamd) wûn hiene, ha se hast twahûndert jier lang dy dei as in tankdei ta eare fan Maria fierd. Oan har wie de oerwinning te tankjen. Yn de reformaasje kaam in ein oan dat gebrûk. It waard sjoen as Roomsk. Mar ek de katolike lânhear Karel V hie leaver dat de Leaffrouwedei net langer fierd waard. Hy joech yn 1527 opdracht om de bonken fan de sneuvele mannen te begraven om sa de ‘memorie te breken’. Historikus J.A. Mol fan de Fryske Akademy hat ien en oar beskreaun yn syn bydrage Willem IV, de Hollands- Friese oorlog van 1344/1345 en de Friese kloosters.

Dat ‘ferjitten’ is ek goed slagge, want ik ha op skoalle nea wat oer dat militêr treffen heard en ek yn de (wat âldere) skiednisboekjes fan de basisskoalle, dy’t ik sjoen ha, komt it net foar. Wat yn de skiednisferhalen út dy tiid opfoel, wie dat dy Friezen altyd sa dwers wienen – tink bygelyks oan de heidenske Friezen, dy’t yn 754 de hillige Bonifatius fermoarden – en harren pas nei in protte striid deljoegen ûnder in Hollânske greve. Yn 1297 binne noch by in opstân tsjin de oerhearsking in 3500 Westfriezen omkommen en is it doarp Froanen boppe Alkmaar yn brân stutsen en de ynwenners ferballe. Troch oerstreamingen yn de jierren 1287/1288 en in hieltyd gruttere Sudersee wie mienskiplik ferset tsjin de Hollânske oermacht net langer mooglik.

Wiene de Friezen dan sa dwers?
Mol jout oan hoe’t de Friezen eastlik fan de Sudersee besocht ha yn de jierren 1344/-45 om oan de ‘winsken’ fan greve Willem te foldwaan. Westergo hie al earder de Hollânske greve tasizzingen dien (sa hie bygelyks Starum him al erkend as lânhear). Yn it diplomatyk oerlis yn Medemblik fan Westergo en ek Oostergo mei fertsjintwurdigers fan de greve waard tasein om
– him te huldigjen as ‘mogentheyt der Vriezen’,
– him it profyt te jaan fan in tal belestingopbringsten,
– him as greve ta te stean boargen yn Fryslân bouwe te kinnen en
– mei him op ‘heervaart’ (helpe yn de oarloch) te gean.

Greve Willem IV

De Friezen kamen him lykwols net temjitte by syn easken wat de rjochtspraak oanbelanget.
Mei oare wurden: de Friezen wiene bêst ree om frijwillich in tal ‘easken’ fan de greve te honorearjen, mar net fan doel om harren frijheid alhiel op te jaan. Dêr gie greve Willem lykwols net akkoart mei. Hy woe mear sizzenskip.
Hjoed-de-dei is soks ek wol oan de oarder. Sa woe in pear wike lyn presidint Donald Trump fan de Feriene Steaten ta ferbjustering fan de befolking Grienlân keapje yn it ramt fan de tanimmende ekonomyske betsjutting fan it Noardpoalgebiet. Yn Hongkong fersette de minsken harren massaal tsjin tanimmende ynfloed (= minder frijheid) fan kommunistysk Sina op harren libben.

Dochs ienriedich ferset?
Greve Willem hie ek beslach lizze litten op kleasterbesit fan guon Fryske kleasters yn wat no Noard-Hollân hjit (op Marken, yn Monnickendam) om syn foarnommen tocht nei Fryslân mei betelje te kinnen. Dêrtroch waard net allinne Westergo, mar ek Oostergo yn it konflikt behelle, omdat it troffen kleaster Mariëngaarde yn Oostergo lei. Foar de midsiuwske minsken stie sok hanneljen mei kleasterbesit gelyk oan agresje tsjin God en de hilligen oan wa’t dat besit skonken wie. Besittingen fan geastliken foelen yn it kanonyk rjocht ûnder ymmuniteit foar safier’t de geastliken harren net mei it gefjocht bemuoiden.
De Hollânske greve gie dus wol hiel fier neffens Mol yn syn beskriuwings. Neffens him hat Willem IV derfoar soarge dat der (wer) in mienskipsbesef ûntstie troch net allinne Westergo, mar ek Oostergo en de kleasters tsjin him yn it harnas te jeien. It mienskipsbesef út de tiid fan de krústochten waard neffens him sa omfoarme ta in algemien Westerlauwersk ienheidsbewustwêzen ûnder de banier fan Maria, ús Leaffrouwe.

Is sa’n situaasje fan doe gaadlik foar in betinking?
Tsjinstanners binne fan betinken dat sa’n situaasje fan doe net gaadlik wêze kin foar in betinking. It soe mar anty-Hollânske gefoelens oproppe en in benypt Frysk nasjonalisme. Dochs hoecht dat net fansels en it is ek net de bedoeling. It kin in spegel wêze om dan te konstatearjen dat machtsútoefening ferkeard útpakke kin.

De Warnsbetinking is gjin deadebetinking. Likemin in manifestaasje fan grutskens op it ferslaan fan in fijân. Besocht wurdt om kritysk te sjen nei de hjoeddeiske mienskip mei ferskillende groepen, talen en kultueren. Troch migraasje wurdt dy mienskip hieltyd heterogener. Mei faak as gefolch dat lytsere groepen kultureel oan it koartste ein begjinne te lûken. Fan kulturele ferriking fan de besteande lytse taal/kultuer is dan gjin sprake mear, nettsjinsteande alle praat oer iepen mienskip.

Logo Mienskipsdei betinking Slach by Warns 2018

Yn 1945 wie de krekt oprjochte Ried fan de Fryske Beweging fan betinken dat seishûndert jier lyn de Fryske frijheid bewarre bleaun wie en dat kultureel sjoen de Friezen as befolkingsgroep har nei de Dútske besetting ûntjaan kinne moasten. Dat stribjen is noch altyd aktueel, want de druk om te ferhollânskjen is der noch altyd. De betinking is net eksklusyf foar Frysktaligen, mar wol de ferantwurdlikheid foar it rjocht op eigen en oarmans kulturele identiteit libben hâlde. Nettsjinsteande alle moaie wurden oer meartaligens is it brûken fan it Frysk yn eigen taalgebiet net altyd fanselssprekkend en is de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis o sa swak. Om te foldwaan oan de Hollânske easken wurdt op de measte skoallen it ferplichte Frysk as in hobby beskôge, dêr’t jo je net drok oer hoege te meitsjen.

De Warnsbetinking mei it karakter fan mienskipsdei jout de kwetsberens fan de Fryske ‘minderheidskultuer’ oan en freget dêr omtinken foar. It monumint op it Klif is – om it mei de wurden fan de histoarikus Pierre Nora te sizzen – in ‘lieu de mémoire’. Lykas fyftich jier earder  yn West-Friesland (no Noard-Hollân) kaam yn 1345 de frijheid en eigenheid fan de Fryske mienskip ek hjir faai te stean.

Tenei mear oer eftergrûn en ynhâld fan de betinking.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Stifting Slach by Warns
De earste beide ôfbyldingen komme út Uitgebreid verhaal over de achtergronden van de slag (1997) fan J.A. Mol

 

septimber 5, 2019 10:53
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Cor Jousma septimber 5, 17:14

    Moaie skôging Tom!

  2. Hâns J. Weijer septimber 7, 22:15

    Hielendal mei Cor iens!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.