Tom Dijkstra: Betinking Slach by Warns in mienskipsdei (2)

septimber 12, 2019 08:00

Skôging

Lang alle Friezen jouwe gjin prioriteit oan it bywenjen fan de betinking. No binne der fansels ek gjin minsken mear, dy’t de Slach yn 1345 meimakke ha. Mar dat is ek net sasear de swierrichheid. De betinking wurdt al gau pleatst yn it hokje fan oerdreaun, te fanatyk en soe it karakter fan in ferkeard nasjonalisme ha. Jo prate wol Frysk fansels as dat kin, mar wolle it graach fatsoenlik hâlde en oaren net bûtenslute.

Oer it ûntstean fan in minderweardichheidshâlding
As yn 1498 Fryslân syn frijheid ferliest, wol dat net sizze dat alles daliks oars waard. It selsstannige gewest foarmet letter mei noch in tal oare gewesten de Republyk fan de Feriene Nederlannen. Wol ferliest it Frysk de funksje fan skriftlike taal. Yllustratyf yn dit ferbân is de ek yn Fryslân ynfierde Hollânsktalige ‘Statenbijbel’ (1637) yn de tsjerken. Hoewol’t it yn de Reformaasje doel wie dat de minsken de Bibel sels yn eigen taal lêze koene, barde dat yn Fryslân net. Pas yn 1943 is de hiele Bibel yn it Frysk klear kommen. Generaasjes Friezen binne opgroeid mei in oare taal en ‘learden’ sa dat harren eigen taal net geskikt wie foar it ‘hillige’, it religieuze domein. Dêrom dat yn 1915 in tal minsken de tsjerke fan Tsjom útrûnen, doe’t dûmny Wumkes de tsjinst yn it Frysk hold.

In politike feroaring
Yngripender wie de saneamde Bataafske revolúsje. De federalisten (eigen foech foar gewesten) ferlearen it fan de unitaristen (mear sintralisaasje). De lêsten woene gjin gewestlike autonomy, mar ‘vrijheid, gelijkheid en broederschap’. Om de akte fan boargerskip krije te kinnen moast immen op syn minst 20 jier wêze en in ferklearring tekenje fan “mijnen onveranderlijke afkeer van het Stadhouderlijk Bestuur, het Federalisme, de Aristocratie en Regeeringloosheid”. De ferklearring is in pear jier letter ynlutsen, mar it Frysk waard keppele oan âlderwetsk (it gewestlik bestjoer). It gie om in fersterking fan in gruttere ienheid.
It ûnderwiis krige dêryn in dúdlike taak: it Nederduitsch waard ferplichte en hie de bern te ‘beschaven’. As Algemeen Beschaafd Nederlands krige it in hegere status en maatskiplike posysje. It brûken fan de streektalen (dialekten sûnder stipe fan de steat) waard dan ek ôfret en sa ek it Frysk. De bern moasten grutbrocht wurde yn in nasjonale geast en it skiednisûnderwiis hie as doel ‘vaderlandsliefde’ by te bringen. Gjin omtinken foar de Slach by Warns bygelyks, mar wol foar de Slag bij Nieuwpoort yn 1600, omdat soks paste yn it stribjen nei in ienheidssteat.

In ideology fan ien lân, ien folk, ien taal
Wat opfalt is dat der yn de 19de iuw frijheid fan godstsjinst komt (skieding fan tsjerke en steat) en dat diskriminaasje op grûn fan leauwe ferfalt. Katoliken en Mennisten hoegden net langer yn harren skûltsjerken byinoar te kommen. It hawwen fan ien en itselde leauwe wie net langer nedich om in folweardich akseptearre ynwenner te wêzen.
Wat taal en kultuer oanbelanget is krekt in tsjinoerstelde beweging te merkbiten. Yn de nije steat (Koninkrijk der Nederlanden) wurdt stribbe nei nasjonale ienheid op grûn fan mienskiplike skiednis en ienheid fan taal. Ofwikingen fan dit ‘gelijkheidsideaal’ kinne net akseptearre wurde en wurde as frjemd en ‘onnederlands’ beskôge. It Frysk is wat foar thús en yn it bûthús, mar perfoarst net foar op skoalle.

Yn it begjin fan de 19de iuw falt it lêste noch te begripen, omdat de bern bûten de skoalle eins net mei it Hollânsk konfrontearre wurde, mar yn ’e 20ste iuw lizze de taalferhâldingen hiel oars en hat it iensidich taalûnderwiis negative gefolgen foar de behearsking fan it Frysk fan bern en folwoeksenen. Benammen it net skriuwe en lêze kinnen fan it Frysk sit it brûken fan de taal as kultuertaal hieltyd mear yn it paad. De kwaliteit fan it Frysk kriget lêst fan dy efterstelling.

Yn myn kweekskoalletiid om 1960 hinne learden wy noch dat in bern eins mar ien taal goed leare koe en dat dêrom de learkrêft konsekwint goed Hollânsk brûke moast. Oanhâldend protest fan de Fryske Beweging en de goede resultaten fan twatalich ûnderwiis en de trijetalige skoalle ha op dat ûnderwiisbelied yn Fryslân amper ynfloed hân. De ‘Hollânske tradysje’ wie en is noch te sterk. Pas troch nij ynternasjonaal wittenskiplik ûndersyk en de opmars fan it Ingelsk is it yn de lêste jierren wizânsje wurden om foar meartalich ûnderwiis te pleitsjen. Mar hâldt dat no ek in better plak foar it Frysk yn it ûnderwiis yn? Hokker talen moatte alle bern yn ús provinsje goed leare? Kinne thústalen fan oarstalige bern (bygelyks Turks, Poalsk, Arabysk) ek klinke mei it each op de migraasjeproblematyk?

Ik bin net sá Fries
As gefolch fan de ‘ien lân, ien folk, ien taalideology’ ha de measte Frysktaligen muoite mei harren hâlding foar it brûken fan de eigen taal yn Fryslân mei net-Frysktaligen. Troch hieltyd wer konfrontearre te wurden mei de legere status en de beswieren tsjin it brûken fan jins taal ûntstiet in ferfrjemdingsproses. Hoe faak wurdt oan it begjin fan in gearkomste net frege of it Frysk (yn eigen taalgebiet!!) brûkt wurde kin mei gauris in negative reaksje fan in inkelde Hollânsktalige ynwenner? Arguminten dy’t yn sokke situaasje fuortendaliks de kar foar it Hollânsk legitimearje moatte, binne bygelyks:
Yn Nederlân is it Nederlânsk de taal. Mar it Frysk is dochs gjin útlânske taal?
Jo kinne gjin minsken útslute. Mar wa slút him of har no út om net meidwaan te kinnen yn de Fryske mienskip?
Om lykwols fan dat ‘taalgedoch’ ôf te wêzen is it antwurd fakentiids: “Ik bin net sá Fries.” Mei sá wurdt dan bedoeld dat opkomme foar it Frysk as jo taal en ek as kultuerbesit net goed en fatsoenlik is. Mooglik binne dizze Friezen ek net fan doel de betinking by te wenjen. Maatskiplike efterstelling wurket dus troch yn de persoanlike sfear en op immens identiteit. Troch ta te jaan oan de druk om it Hollânsk te brûken en him te ferbrekken, kin de twatalige Fries negative opmerkingen en ferwiten oer it brûken fan it Frysk tefoaren komme. Soene ientalige Hollânsktaligen dan it allinnerjocht hawwe om te bepalen oft it Frysk yn Fryslân brûkt wurde kin? In gefaarlike en net-demokratyske tinkwize.

De kommende betinking as mienskipsdei wol it goed rjocht fan it brûken fan it Frysk sintraal stelle sûnder oaren of oare talen út te sluten. Yn in iepen mienskip kin it net sa wêze dat in mienskip syn taal ôfnommen wurdt, omdat de oerheid en ek de nije ynwenners gjin ferantwurdlikheid nimme wolle foar dy besteande mienskip mei eigen taal en kultuer.

Tenei mear oer it programma fan de kommende betinking.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Stifting Slach by Warns.
septimber 12, 2019 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.