Tolve kandidaten foar Noardeast-Fryslân

septimber 4, 2019 07:36

Op de fakatuere fan boargemaster fan Noardeast-Fryslân hawwe tolve minsken sollisitearre. It giet om sân manlju en fiif froulju. Ien kandidaat is jonger as tritich en ien is âlder as sechtich. De rest fan de kandidaten sit der kwa âldens tuskenyn. De gadingmakkers binne lid fan de FNP (3), VVD (2), PvdA (2), CDA (1), GrienLinks (1), Lokale Partij (1). Twa kandidaten binne gjin lid fan in politike partij.

Foto: pixabay.com

De gemeente Noardeast-Fryslân ûntstie offisjeel op 1 jannewaris 2019 nei de gearfoeging fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân ca. Hayo Apother is op it stuit waarnimmend boargemaster. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok ferwachtet dat de nije boargemaster yn jannewaris 2020 oantrede kin.

De betrouwenskommisje hat nei oerlis en yn mienskiplikheid mei de kommissaris in seleksje út de sollisitanten makke. De betrouwenskommisje kriget alle sollisitaasjebrieven te sjen. De kommisje praat mei kandidaten en bringt ferslach út oan de gemeenterie, foarsjoen fan in konseptoanbefelling. De rie beslist úteinlik hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean, en yn hokker folchoarder.

De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de ministerrie folgje yn harren foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de rie. De Kroan beneamt dan de nije boargemaster by Keninklik Beslút.

septimber 4, 2019 07:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.