Tiid foar folgjende stap winkelleechstân noardlike provinsjes

septimber 29, 2019 08:49

De trije noardlike provinsjes hawwe yn ’e ôfrûne perioade al op ferskate wizen wurk makke fan de leechstân fan winkels. Wilens is it tal leechsteande winkels ôfnommen en is winkelromte út ’e merk helle. Dat docht bliken út in ûndersyk nei leechsteande winkelpânen yn Noard-Nederlân. Mar strukturele leechstân bliuwt nuodlik.

Foto: Wikipedia/Michiel1972 – lisinsje CC BY-SA 3.0

Deputearre Sander de Rouwe: “By leechstân dy’t lang trochset ûntstiet ferkrotting. Dit ûndersyk lit sjen dat wy yn de noardlike provinsjes in soad winkelgebouwen hawwe dy’t al langer as trije jier leech stean. As in gebou sa lang net brûkt is, is it dreech yn te setten foar wat oars. Mei ús gemeenten en de winkellju yn Fryslân wurkje wy oan it oantrekliker meitsjen fan ús winkelkearnen, mar dat is noch net genôch.”

Noardlike provinsjes bringe sitewaasje winkelleechstân yn byld
De provinsjes Drinte, Grinslân en Fryslân hawwe mei-inoar advysburo Broekhuis Rijs de opdracht jûn foar in ûndersyk nei leechsteande winkelpânen yn Noard-Nederlân. In opdracht op dizze skaal is unyk yn Nederlân.

De strukturele leechstân docht him benammen foar yn krimpgebieten en middelgrutte kearnen. It folsleine winkelflieroerflak yn it noarden is ûnder it nivo fan 2014 en sûnt dy tiid is de leechstân mei 19% ôfnommen. Dêr falt benammen by te tinken oan eardere supermerken en te grutte winkels en pânen yn (oerdekte) winkelsintrums. De problematyk fan strukturele leechstân wurdt it sterkst field yn de krimpgebieten, dêr’t de mooglikheden beheind binne (transformaasje nei wenningen is faak net mooglik, om’t der gjin ferlet fan is) en leechstân it grutste effekt op de leefberens hat.

De trije provinsjes hawwe mei klam omtinken foar winkelleechstân. Nettsjinsteande it tal leechsteande winkels lytser wurdt, is de strukturele leechstân heech. Yn totaal stean 380.000 fjouwerkante winkelmeters leech, ferdield oer goed 1.600 perselen. In foech tredde dêrfan stiet struktureel leech en is dreech te transformearjen.

Strukturele leechstân: ferfolchstap noardlike provinsjes
Op 2 oktober o.s. organisearret de Retail-aginda in lanlike fêstgoedtafel by it IPO-Jierkongres yn Grins. Op dy gearkomste sille de provinsjes en de fêstgoedsektor mei-inoar yn petear oer ûntjouwingen op it gebiet fan retail yn it generaal, en winkelleechstân yn it bysûnder. De noardlike provinsjes presintearje dêr de wichtichste ûnderfiningen fan it ûndersyk. Mei de oanwêzige fêstgoedpartijen wurde mooglike oplossingsrichtings en ferfolchaksjes besprutsen.

De rapporten binne hjir te finen.

septimber 29, 2019 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.