Thomas Steensen lilk om boek oer “Fryske” literatuerskiednis
Resint ferskynd

It boek fan Joke Corporaal is yn 2018 tagelyk yn it Frysk, Dútsk, Ingelsk en Hollânsk ferskynd.
It boek Salang’t de beam bloeit fan Joke Corporaal kriget yn Noard-Fryslân in mingde ûntfangst.
Yn it nije nûmer fan it tydskrift Nordfriesland skriuwt de eardere heechlearaar Frysk Thomas Steensen dat it boek yndrukwekkend en goed lêsber skreaun is. Dochs neamt er it ärgerlich (‘yrritant’).
Hy freget him ôf oft it ûnwittendheid of arrogânsje is dat “de grutte Westerlauwersk Fryske kultuerorganisaasje Tresoar” in boek foar Dútslân útjout en dan it Frysk yn Dútslân gewoan ferjit. Neffens Steensen bloeit de beam fan de Fryske literatuer net allinnich yn it Nederlânske Fryslân, mar ek by de Friezen yn Dútslân.
Wa’t de Dútske ferzje fan it boek yn ‘e winkel tsjinkomt, ferwachtet dêr wat oer te lêzen, sa is er fan betinken, mar dy lêzer wurdt teloarsteld.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje